Leechsorbysk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nedersorbysk)

It Leechsorbysk of Nedersorbysk, ek wol Wendysk neamd, is in Westslavyske taal. Leechsorbysk is njonken Heechsorbysk ien fan de twa Sorbyske skrifttalen. Mei it fan krêft wurden fan Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen yn 1998 is it Leechsorbysk as selsstannige taal erkend.

Taalgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanâlds wie de Lausitz in Sorbysktalich gebiet. Mei de Dútske eastkolonisaasje waarden de wengebieten fan de Wenden en Polaben germanisearre. Yn 'e 17e iuw prate it grutste part fan de minsken yn 'e Lausitz noch Sorbysk, om 1900 hinne hinne inkeld noch mar in pear gemeenten in Sorbysktalige minderheid. Hjoed-de-dei wurdt it Leechsorbysk yn 'e doarpen om Cottbus hinne praat.

Oantal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn offisjele útjeften wurdt it oantal sprekkers gauris tusken de 7.000 en 10.000 rûsd. De measte sprekkers soenen tige âld wêze. It offisjele sifer stamt út de njoggentiger jierren en wurdt hieltyd wer oernommen omdat der gjin ûndersyk fan resinter datum is. De Poalske sorabist Tadeusz Lewaszkiewicz is fan betinken dat it Leechsorbysk noch sa'n 200 memmetaalsprekkers hat. De dosinten Sorbysk geane der fanút dat der oer in pear desennia hielendal gjin memmetaalsprekkers mear binne.[1]

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfrûne jierren nimt it oantal meartalige skoallen ta. Seis basisskoallen en fjouwer fuortset ûnderwiis ynstellingen biede meartalich ûnderwiis oan. Fyftjin skoallen biede Leechsorbysk as fak oan.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It Nijs (7 july 2018), Dialekt of Standertsorbysk? (sjoen op 4 oktober 2022)
  2. Witaj Sprachzentrum Sorbisch in Schulen (sjoen op 4 oktober 2022)