Nederlânsk Iepenloftmuseum
| Nederlânsk Iepenloftmuseum Nederlands Openluchtmuseum | ||
| Yngong | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Hoeferlaan | |
| koördinaten | 52° 0' N, 5° 54' E | |
| Algemiene gegevens | ||
| type | Iepenloftmuseum | |
| wurkmêd | Kultuerhistoarje fan Nederlân | |
| oprjochting | 24 april 1912 | |
| oprjochter | Frederic Adolph Hoefer | |
| oerflak | 44 hektare | |
| iepening | 13 july 1918 | |
| eigner | Stichting het Nederlands Openluchtmuseum, Nationaal Museum voor Nederlandse Volkskunde | |
| Offisjele webside | ||
| openluchtmuseum.nl | ||
| Kaart | ||
It Nederlânsk Iepenloftmuseum is in kultuerhistoarysk museum yn Arnhim.
It museum jout in byld fan it libben yn Nederlân troch de iuwen hinne. Wenjen, wurkjen, rekreaasje en tradysjes fan de Nederlanners wurde oan de hân fan meastentiids ferpleatste orizjinele gebouwen lykas ferskate soarten mûnen, huzen, pleatsen, gebedshuzen en wurkplakken yn byld brocht. De gebouwen binne nei tema yndield yn tal fan dielgebieten: hiem, doarp, plattelân, tunen, stêd en bûten. Yn in tal gebouwen wurde de besikers troch museummeiwurkers, dy't as oarspronklike bewenners klaaid ûntfongen. Ek tal fan gebrûksfoarwerpen, âlde ambachten en klederdrachten binne tentoansteld. Boppedat jouwe ambachtslju demonstraasjes fan harren kinnen. Hast alle dagen binne ûnder oare in mûnder, in smid, in printer, in papierskepper en in kondukteur oan it wurk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oprjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Iepenloftmuseum kaam ta stân mei troch de histoarikus Frederic Adolph Hoefer, dy't yn april 1912 it plan oppere om in iepenloftmuseum te bouwen, yn neifolging fan soartgelikense musea dy't er yn Skandinavië besocht hie. Troch yndustrialisaasje en ferstedsking ferdwûnen de regionale ferskillen en drigen tradysjes en ambachten ferlern te gean. Troch histoarysk wichtige gebouwen nei in museumterrein te ferpleatsen, dêr't minsken mei kennis fan saken oan besikers sjen litte hoe't se eartiids libben en wurkje, kin it ferline libben hâlden wurde. De "Vereniging voor Volkskunde Het Nederlands Openluchtmuseum" waard noch deselde moanne oprjochte, en dy iepene op 13 july 1918 har doarren, mei seis gebouwen dy't men fan earne oars oerbrocht hie. Ien fan dizze earste gebouwen is it los hoes út Beuningen dat oarspronklik al yn de 17e iuw boud is.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard it museum troffen troch brânbommen wêrby't in wenning yn de Saanske buert ôfbaarnde. Yn 1941 waard it museum omneamd ta it "Ryksmuseum foar Folkskunde". Nei de Slach om Arnhim wie it museum in skoft bewenne troch in pear hûndert evakuees. Yn de stellingmole út Delft wennen trije jonge manlju dy't yn it ferset wurken. Op 3 novimber 1944 waard de Arnhimske fersetsman Anton Zwiers yn it museum eksekutearre troch Nederlânske SS'ers. Minstens trije bêrn binne wilens dizze moannen fan bewenning yn it iepenloftmuseum berne. De perioade fan bewenning wie fan ein septimber 1944 oant begjin jannewaris 1945. Krekt nei it fertrek fan de evakuees gie by in oanfal fan in V1-loftraket de kolleksje dracht en beskildere meubels ferlern. [1]
Nei de kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de kriich wreidet it Iepenloftmuseum yn 1962 mei sa’n tolve hektare yn noardlike rjochting út. Yn 1987 like it der efkes op dat it museum troch it belied fan de doetiidske minister fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer, Elco Brinkman, syn doarren slute moast. Nei in demonstraasje troch it publyk, subsydzjes fan de ryksoerheid en in flinke reorganisaasje, wêrby't njonken it libben op it plattelân ek de yndustriële ûntwikkeling omtinken krige, koe it museum syn besteansrjocht dochs behâlde. It museum feroare yn 1991 fan in ryksmuseum nei in ferselsstannige organisaasje yn de foarm fan in stichting. De gebouwen en foarwerpen bleaune as ûnderdiel fan de rykskolleksje yn eigendom fan it Ryk.
Tramwei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1996 waard op it terrein fan it museum in tramwei oanlein. Der waard in replika fan in part fan de yn 1944 ferwoaste Arnhimske tramremize foar boud. Ek in Arnhimske tram út 1929 waard rekonstruearre. Dy waard yn 1998 yn gebrûk naam. De tsjinst wurdt fierder útfierd mei materieel ôfkomstich fan Rotterdam, Amsterdam en De Haach tram. Yn 2007 waard de frachtloads Van Gend & Loos ôfkomstich fan it Tielske stasjonsterrein pleatst.
In folgjende fernijing folge yn 2013 mei twa fakânsjewenningen en in stacaravan. Dernei waarden der yn 2024 in rige typysk Nederlânske rigjeswenningen boud de saneamde doorzonwoningen dizze rigjeswenningen binne gjin ferpleatste wenningen, mar waarden nij boud yn it iepenloft museum nei in ûntwerp út 1971[2].
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
