Springe nei ynhâld

Nebel (Amrum)

Ut Wikipedy
Nebel
Lokaasje fan de gemeente Nebel (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Lokaasje fan de gemeente Nebel (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtFöhr-Amrum
Sifers
Ynwennertal914 (31.12.2024)[1]
Oerflak11,95 km²
Befolkingsticht.76 ynw./km²
Hichte6 m
Oar
Postkoade25946
Offisjele webside
www.amt-foehr-amrum.de
Kaart
Nebel (Sleeswyk-Holstein)
Nebel

Nebel is in plak en gemeente op it eilân Amrum yn 'e Dútske yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Föhr-Amrum en hat 914 ynwenners (2024).

Sint-Klemenstsjerke

Nebel waard yn 'e earste desennia fan 'e 16e iuw stifte as it tredde eilândoarp fan Amrum nei Norddorf en Süddorf. De plaknamme is mooglik ôflaat fan 'e wurden nei en bel, wêrby't it earste "nij" betsjut en it lêste weromgiet op it Alddeenske begryp boli (delsetting; ferlykje Niebüll, Nieblum). De earste hûzen fan dizze nije delsetting waarden boud om de Sint-Klemenstjerke hinne, dy't dêrfoar twa iuwen lang op it iepen fjild tusken Norddorf en Süddorf stien hie.

Oant de Dútsk-Deenske Kriich fan 1864 foarmen Amrum en Westerland-Föhr in mienskiplike gritenij, dy't bestjoerlik net ûnder it (Deenske) hartochdom Sleeswyk foel, mar streekrjocht ûnder it Keninkryk Denemark. Nebel sels wie it haadplak fan 'e parochy Amrum, dy't it hiele eilân omfieme. Nei de anneksaasje fan 'e hartochdommen Sleeswyk en Holstein troch Prusen yn 1867, wie der sûnt 27 juny 1871 ôf mar ien gemeente op it hiele eilân, dy't de namme Amrum droech. Yn 1912 waard út it súdlike part fan it eilân de gemeente Wittdün foarme en yn 1925 út it noardlike part de gemeente Norddorf. De oerbliuwende gemeente feroare har namme op 23 febrewaris 1926 yn Nebel.

Nebel.

Wylst der yn Wittdün en Norddorf sûnt 1890 in soad hotels boud waarden, wie der yn Nebel yn it begjin mar in bytsje toerisme. Yn 1890 waard it Kurhaus Satteldüne tusken Nebel en Süddorf boud, dat sûnt 1923 as sanatoarium foar bern (hjoed-de-dei in spesjale berneklinyk) tsjinnet. It duorre noch oant 1938 doe't de gemeente in fergunning krige om it strân te brûken.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden yn it heidegebiet westlik fan Nebel grutte stikken grûn as goedkeap boulân ferkocht. Dêr ûntstie de wenwyk Westerheide.

Oant de ein fan 2006 wie Nebel it haadplak fan it bestjoer fan it Amt Amrum.

Sint-Klemenstsjerke mei it tsjerkhôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De pratende grêven fan Nebel.

De Sint-Klemenstsjerke is in romaanske, mei reid dutsen tsjerke út 1236, dy't âlder is as Nebel sels. De 36 meter hege tsjerketoer waard earst yn 1908 oan it gebou tafoege. Ta de keunstskatten hearre in ier goatyske apostelgroep, in romaansk doopfont fan granyt en in eksimplaar fan it seldsume Missale Slesvicense út 1486 (it âldste printe boek fan Sleeswyk-Holstein). Op it tsjerkhôf steane histoaryske pratende grêfstiennen (1670–1830) mei foarstellingen fan skippen en de út stien houde libbensferhalen fan ferstoarne seelju.

Wynmûne fan Nebel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wynmûne

De wynmûne fan Nebel út 1771 is in muonts, dy't oant 1962 yn bedriuw wie. Hjoed-de-dei is de mûne in museum foar de lokale skiednis. Ek wurdt der keunst útstald. In spesifyk Amrumsk gebrûk is dat de wjukken by in stjergefal op it eilân yn in krús (horizontaal-fertikaal) set wurde oant in oere nei de begraffenis.

Tsjerkhôf fan 'e Wetteleazen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de mûne oer leit it yn 1905 stifte Heimatlosenfriedhof, dêr't net-identifisearre oanspielde drinkeldeaden harren lêste rêstplak krigen. Sûnt 1969 binne der troch bettere identifikaasjetechniken gjin nije grêven mear bykommen. De grêven hawwe allegear in ienfâldich houten krús mei de datum fan 'e fynst.

Öömrang Hüs.

It Öömrang Hüs is in goed bewarre Noardfryske pleats út likernôch 1683. It hûs, dat hjoed-de-dei eigendom is fan 'e lokale feriening Öömrang Ferian, jout in byld fan 'e histoaryske eilânkultuer. De âlde wenstee (de Dörnsk) hat in tegellambrisearring mei in ôfbylding fan it skip fan 'e earste eigener (in kaptein) en wurdt ek brûkt as troulokaasje.

Oare besjenswurdichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Einekoai.
  • De âlde doarpskearn wurdt skaaimerke troch smelle strjitsjes en tal fan reiddutsen hûzen út de 18e en 19e iuw.
  • De Vogelkoje Meeram is in histoaryske einekoai oan 'e râne fan 'e dunen mei in ynformaasjesintrum en in soad fûgels.
  • It Hünengrab en it Izertiidhûs is in prehistoarysk hunebêd en in replika fan in hûs út de Izertiid. Beide lizze noardwestlik fan 'e einekoai.
  • De lytse, moderne aluminium fjoertoer fan Nebel (boud yn 1981) fan 9,6 m heech tsjinnet as gidsljocht foar de farwei de Norderaue.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje