Springe nei ynhâld

Neärktysk gebiet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Neärktyske gebiet)
In lânkaart fan 'e wrâld mei dêrop it Neärktysk gebiet ynkleure.

It Neärktysk gebiet of de Neärktis is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme is in gearlûking fan "neo-", fan it Grykske νέος, neos, dat "nij" of "jong" betsjut, en "Arktis", in oare namme foar de Noardpoalstreek. It betsjut dus de "Nije Arktis" oftewol de "Arktis fan 'e Nije Wrâld".

It Neärktysk gebiet omfettet Noard-Amearika fan Grienlân en Alaska yn it noarden oant healwei Meksiko yn it suden. De rest fan Meksiko en teffens Midden-Amearika, it Karibysk Gebiet en Bermuda hearre ta it oanbuorjende Neotropysk gebiet. De súdlike útein fan it Floaridaskiereilân wurdt dêr ek faak ta rekkene.

Dizze ekosône is beheind ta it westlik healrûn. Soms wurdt it Neärktysk gebiet yn 'e mande mei it Paleärktysk gebiet yn Jeraazje en Noard-Afrika ornearre ien reuseftige ekosône te foarmjen, dy't it Holarktysk gebiet neamd wurdt. Dat spilet benammen yn 'e botany.

It Neärktysk gebiet kin opdield wurde yn ferskate ekoregio's, wêrûnder it Kanadeesk Skyld (noardlik Noard-Amearika), eastlik Noard-Amearika, westlik Noard-Amearika, en noardlik Meksiko.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


ekosônes yn de biogeografy
Afrotropysk gebiet Antarktysk gebiet Australazysk gebiet Holarktysk gebiet (Neärktysk gebiet + Paleärktysk gebiet) Yndomaleisk gebiet Neotropysk gebiet Oseänysk gebiet