Natuna-eilannen
| Natuna-eilannen | ||
| Kaart fan 'e eilannen. | ||
| emblemen | ||
| geografy | ||
| provinsje | Kepulauan Riau | |
| koördinaten | 3° 57' NB 108° 20' EL | |
| algemien | ||
| haadstêd | Ranai Kota | |
| ynwennertal | ± 100.000 | |
| sifers | ||
| oerflak | 3.420 km² | |
| kaart | ||
De Natuna-eilannen (Yndonezysk: Kabupaten Natuna of Kepulauan Natuna) binne in grutte groep atollen yn 'e Súd-Sineeske See. Se hearre by Yndoneezje en lizze tusken West- en East-Maleizje en it eilân Borneo. Der wenje likernôch 100.000 minsken en de haadstêd is Ranai. De see om de eilannen is tige fiskryk en der lizze grutte gasfoarrieden.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilannen omfiemje likernôch 272 koraalatollen en lizze yn 'e provinsje Kepulauan Riau yn it noarden fan Yndoneezje. Se ha in oerflak fan likernôch 3.420 km². De Gunung Ranai is mei in hichte fan 1.035 m boppe seenivo it heechste punt fan 'e eilannegroep. De eilannen binne ferdield yn twa groepen:
De haadeilannen fan 'e noardlike groep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardlike Natuna-eilannegroep bestiet út de grutste eilannen. De wichtichste binne:
- (Pulau)* Natuna Besar (letterlik: Grut Natuna; ek Pulau Bunguran): it grutste en belangrykste eilân. De haadstêd is Riau. It is it befolkingssintrum en it ekonomyske en bestjoerlike sintrum fan 'e eilannegroep.
- (Pulau) Midai: it lytsere mar bewenne eilân súdwest fan Natuna Besar. It stiet bekend om syn fiskerij en tradisjonele mienskippen.
- (Pulau) Subi: bestiet út Subi Besar en Subi Kecil (Grut- en Lyts-Subi). Mear efterútlizzende eilannen mei lytsskalige delsettingen.
- (Pulau) Serasan: it súdlike diel fan 'e noardlike groep. Tichtbegroeide eilannen mei tradisjonele doarpen.
De eilannen fan 'e súdlike groep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Súdlike Natuna-eilannegroep leit súd fan 'e Natuna Besar-groep en tichter by Borneo (Kalimantan) as by de haadeilannen fan 'e noardlike groep.
- (Pulau) Laut: ien fan 'e grutste eilannen fan 'e súdlike groep, betsjut letterlik See-eilân. Wurdt bewenne troch in pear fiskersmienskippen.
- (Pulau) Tiga: Letterlik: Trije-eilân; Pulau Tiga bestiet út trije eilannen en stiet bekend om de rike wetterfauna.
- (Pulau) Sekatung: in strategysk eilân tichteby de maritime grins mei Fjetnam en Maleizje. Yndoneezje hat dêr in marinepost.
- (Pulau) Senoa: in lyts eilân dat populêr is by lokale toeristen foar de ûnderwetterfauna.
(* Pulau is it Maleiske wurd foar eilân).
Oare ynformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1941 waarden de eilannen troch Japan beset. Op 1 july 2004 waarden de eilannen mei de Anambaseilannen opnommen yn 'e nije provinsje Riau.
Claims Sina
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sina makket al lang oanspraak op 'e eilannen, alhoewol't de eilannen sûnder mis by Yndoneezje hearre. De kearn fan it skeel leit yn it feit dat Sina's saneame "njoggen-streekjes-line" (nine dash line) mei de Eksklusive Ekonomyske Sône fan Yndoneezje oerlapet. Dy oerlaapjende claims ha al laat ta ferskillende ynsidinten tusken de twa lannen. Yn novimber 2024 ûndertekenen de lannen in memorandum fan oerienstimming foar mienskiplike maritime ûntwikkeling yn 'e gebieten mei oerlaapjende claims by de eilannen. It Yndonezyske regear ferklearre mei klam dat it akkoard gjin ynfloed hawwe kin op 'e sûvereiniteit of rjochten yn it gebiet. Krisiti dêrfoaroer uteren harren soargen dat de tekst fan it akkoard Sina's posysje yn 'e Súd-Sineeske See fuortsterkje kin.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
