Springe nei ynhâld

Natuf-kultuer

Ut Wikipedy
Fersprieding fan de Natuf-kultuer
Resten fan in Natufyske hutte, El-Wad-terras (Israel)

De Natuf-kultuer is in prehistoaryske kultuer út it Paleolitikum. De kultuer wurdt beskôge as in oergongsfase yn de Neolityske revolúsje dêr't de minske yn fêste wenplakken wenne, mar foar har deiliks libben noch folslein ôfhinklik wienen fan wielde nôt en de jacht. De kultuer datearret fan 12.500 oan 10.500 lyn en is ferneamd nei de fynplak fan dizze kultuer by de wady An-Natuf yn Israel. De Natuf-kultuer wurdt karakterisearre troch lytse doarpen fan rûne hutten mei stienen muorren en in aardich grut tal ynwenners. Fynplakken komme foar fan Súd-Turkije oant Israel.