Springe nei ynhâld

Natuerlike histoarje

Ut Wikipedy
Plaat út Ephraim Chambers’ Cyclopaedia (1728)

Natuerlike histoarje is in wat ferâldere term foar wat tsjintwurdich útsplist wurdt yn in grut tal natuerwittenskippen. Dêrby stiet it ûndersyk nei de libbene natuer (biology, ûnder oaren soölogy en botany) sintraal, soms tegearre mei ûndersyk nei de libbenleaze en deade natuer (ierdwittenskippen, dêrûnder mineralogy, meteorology, geology en paleontology).

De term natuerlike histoarje komt út de tiid dat de natuerwittenskippen noch net spesjalisearre wiene en deselde ûndersiker him mei útienrinnende dissiplines dwaande hâlde koe. Faak is it dreech om dy persoanen in spesifike spesjalisaasje ta te kennen. In gelearde koe yn de 17e en 18e iuw bygelyks sawol fulkanolooch as ornitolooch wêze. De 17e- en 18e-iuwske ûndersikers fan de natuerlike histoarje wurde natuerûndersikers neamd.

Natuerlike histoarje wie de namme fan it skoalfak dat yn 1968 biology hjitte soe. Soms waard oan natuerlike histoarje in folle rommere definysje jûn, wêrby't ek skiekunde, natuerkunde, stjerrekunde en sels argeology dêrta hearre. It byhearrende eigenskipswurd is natuerhistoarysk.

Ferneamde natuerhistoaryske musea binne ûnder oaren it Natuurhistoarysk Museum Rotterdam, Natuerhistoarysk Museum yn Londen, it Museum für Naturkunde yn Berlyn, it Naturhistorisches Museum yn Wenen en it Musée national d'histoire naturelle yn Parys.