Springe nei ynhâld

Nasjonaal Park Paparoa

Ut Wikipedy
Nasjonaal Park Paparoa
Pannekoekrotsen
Pannekoekrotsen
lokaasje
lân Nij-Seelân
regioWest Coast
tichtebyPunakaiki
koördinaten42°5' S 171°30' E
oare ynformaasje
oerflak432 km²
stifting1987
behearDepartment of Conservation
kaart
Nasjonaal Park Paparoa (Nij-Seelân-reliëf)
Nasjonaal Park Paparoa

It Nasjonaal Park Paparoa is in natoergebiet oan 'e westkust fan it Sudereilân fan Nij-Seelân.

It park is likernôch 432 km² (somtiden wurdt ek 390 km² neamd) en wreidet him út fan 'e rûge kustline oant de beboske hellingen fan it Paparoaberchtme.

Blaasgat.

Yn it hiele park leit kalkstien (karst), dy't rûge kliffen, djippe kleauwen en grotten skept. De Pancake Rocks (Pannekoekrotsen) binnen rotsen dy't wat ha fan op inoar stapele pannekoeken. De blaasgatten by Penakaiki binne ek ferneamd en soargje foar spektakulêr omheech spuitend seewetter. Ien fan 'e meast bekend kuierpaden is de Pancake Rocks & Blowholes Walk by Punakaiki — in koart, tagonklik paad by de kustformaasjes lâns. De yn 2020 iepene Paparoa Track is 55,7 km lang en giet troch it hert fan it park.

It park wurdt beheard troch Department of Conservation (DOC) fan Nij-Seelân. Yn it Paparoa National Park Visitor Centre yn Punakaiki is ynformaasje oer de kuierrûtes, it waar, kampearplakken en kaartmateriaal beskikber.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tichteby de kust oerhearskje subtropyske mei palmbeammen en tuskenbeide bosken. Fierder it lân ien groeie bûkebeammen en konifearen.

Yn it park binne in soad fûgelsoarten, lykas de kiwy. Oan 'e kust leit de iennige briedkoloanje fan 'e wrâld fan 'e Westlânstoarmfûgel (Maory: tāiko). Ek libje yn 'e rivieren seldsume fisken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]