Springe nei ynhâld

Nasjonaal Park Kaziranga

Ut Wikipedy
Nasjonaal Park Kaziranga
lokaasje
lân Yndia
dielsteatAssam
koördinaten26°40' N 93°21' E
oare ynformaasje
statuswrâlderfgoed UNESCO
oerflak430 km²
stifting1974
behearoerheid
websidewww.kaziranga-national-park.com
kaart
Nasjonaal Park Kaziranga (Yndia-reliëf)
Nasjonaal Park Kaziranga

It Nasjonaal Park Kaziranga is in natoergebiet yn 'e dielsteat Assam yn it noardeasten fan Yndia.

Yn 1908 waard Kaziranga oanwiisd as in reservaatbosk, dat letter in jachtreservaat waard. Echte beskerming folg yn 1950 en op 11 febrewaris 1974 waard it gebiet in nasjonaal park. Kaziranga waard yn 1985 troch UNESCO as wrâlderfgoed erkend fanwegen syn unike ekosysteem en de oanwêzigens fan bedrige bisten.

Kaart fan it Nasjonaal Park Kaziranga.

It park is likernôch 430 km² grut, ynklusyf buffersônes 1.090 km². It leit oan 'e súdlike igge fan 'e Brahmaputra yn 'e distrikten Golaghat, Nagaon en Biswanath. It gebiet bestiet út in rivierflakte, mei lege, flakke gebieten, sompen, markes dy't ôfwiksele wurden met greiden en bosken en ûntstie troch ôfsettingen fan 'e Brahmaputra. Oerstreamingen en kontrolearre brannen foarmje it behâld fan 'e alluviale heechgerslannen, dy't likernôch twatredde fan it park beslagge.

It park wurdt beheard troch de oerheid fan 'e dielsteat Assam yn gearwurking mei de nasjonale oerheid fan Yndia en is ferdield oer fiif seksjes, dy't wer ûnderferdield binne yn subseksjes mei eigen boskwachters. It tafersjoch fan boskwachters is tige wichtich by it tefoarrenkommen fan streuperij en ferneatiging fan natuer en hat bydroegen oan it behâld fan 'e Yndyske noashoarn (Rhinoceros unicornis).

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fegetaasje fan Kaziranga bestiet út gerslân, savanne-eftich bosklân, tropyske leafbosken en grienbliuwend bosk. Op hegere grûn oerhearsket lang gers, by it wetter binne meast de koarte gerssoarten te finen. Ut resinte botanyske stúdzjes docht bliken dat de diversiteit folle grutter is as earder oannommen waard: in ynvintarisaasje kaam op bygelyks 70 ferskillende soarten orchideeën fan 36 ferskillende skaaien. Dêrnjonken groeie beammen lykas Bombax ceiba, Dillenia indica, Careya arborea en Emblica officinalis.

In grut part fan 'e wylde wrâldpopulaasje wetterbuffels libbet yn Kaziranga.

De fauna fan it park is oer de hiele wrâld ferneamd. Der libje 35 oant 40 sûchdieren, wêrfan't 15 bedrige wurde. Yn it park libbet de grutste populaasje fan 'e Yndyske noashoarn. Fierder wurde der oare grutte sûchdieren oantroffen, lykas de Bingaalske tiger, Yndyske oaljefanten, wetterbuffels, sompeharten, bearen, loaihoarsen, wylde bargen en ferskillende soarten primaten.

It park is erkend as in IBA (Important Bird Area) en der binne hûnderten fûgelsoarten waarnommen, ynklusyf endemyske soarten.

Bingaalske tiger by Tisha Mukherjee.

Troch de sompen en it wetterrike gebiet is de diversiteit fan reptilen en amfibyën tige ryk.

De meast gongbere tagong ta it park is oer de Central Range by Kohora. Minsken moatte in fergunning ha om it park yn te gean en by swiere reinfal yn 'e moessontiid kin it fanwegen de feiligens ferbean wurde om it park yn te gean.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kaziranga National Park fan Wikimedia Commons.