Nasjonaal Park Karoo
| Nasjonaal Park Karoo | ||
| Potlekkertjie Loop (Nuweveldbergen). | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | West-Kaap | |
| neiste plak | Beaufort-Wes | |
| koördinaten | 32°21' S 22°32' E | |
| oare ynformaasje | ||
| oerflak | 750 km² | |
| stifting | 1979 | |
| behear | SANParks | |
| webside | sanparks.org | |
| kaart | ||
It Nasjonaal Park Karoo is in natuerreservaat yn 'e Grutte Karoo fan Súd-Afrika by it plak Beaufort-Wes. It park is stifte om in represintatyf diel fan 'e drûge Karoo-biotoop te beskermjen en stiet bekend om syn lânskip en rykdom oan fossilen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren 1970 waard Beaufort-Wes ree fûn om grûn beskikber te stellen foar natuerbeskerming. It park waard offisjeel iepene yn 1979. In bysûnder projekt yn it park wie de werynfiering fan bisten dy't earder troch jacht út it gebiet ferdwûn wiene, lykas de liuw en de swarte noashoarn.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It park leit oan 'e foet fan 'e Nuweveldbergen. Karakteristyk foar it lânskip is de oergong fan 'e flakten nei de rûge berchkliffen en plato's, dy't op guon plakken wol 1.900 meter boppe de seespegel útstekke.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan novimber oant maart (simmer) is it hyt mei temperatueren dy't oant oer de 40°C geane. De measte rein falt yn dy tiid troch koarte, fûle tongerbuien. Winterdeis (maaie oant augustus) binne de temperatueren om en de by 20°C, mar nei it ûndergean fan 'e sinne kuollet it hurd ôf. Nachtfroasten binne gewoan en op 'e hege dielen fan 'e bergen falt geregeld snie.
Floara en Fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It park hat in ferrassend ferskaat oan libben dat him oanpast hat oan 'e drûchte:
De fegetaasje bestiet fral út lytse strûken, gerssoarten en ferskate fetplanten. In opfallende beam is de Karoo-toarnbeam ( Vachellia karroo).
Yn 1779 waard by de boarne fan 'e Gamkarivier, krekt yn it gebiet fan it hjoeddeiske park, ien fan 'e lêste oarspronklike swarte noashoarns (Diceros bicornis bicornis) fan 'e Karoo sketten. Nei't de soarte troch de jacht mear as twa iuwen út de regio ferdwûn wie, waard yn 1993 foar it earst wer besocht om de soarte te weryntrodusearjen. De súksesfolle weryntroduksje krige lykwols pas syn beslach sûnt 2005. Troch in strategysk útwikselingsprogramma mei oare reservaten, wurdt der no wurke oan in metapopulaasje foar in stabile en sûne groei fan 'e bedrige soarte.
Ek de yn 'e earste helte fan 'e 20e iuw hast útstoarne Kaapske berchsebra (Equus zebra zebra) hat hjir syn leefgebiet. Oare bekende bisten binne de liuw (Panthera leo), de springbok (Antidorcas marsupialis) en de steppesebra (Equus quagga), de meast nauwe sibbe fan 'e útstoarne quagga.
It "Fossil Trail" yn it park lit oerbliuwsels sjen fan Therapsida (sûchdiereftige reptilen) dy't hjir mear as 250 miljoen jier lyn libben.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It park is maklik tagonklik oer de N1-snelwei. Besikers kinne oernachtsje yn in hûskes yn Kaapsk-Hollânske styl. Der binne ferskate net asfaltearre rûtes, kuierpaden en der is in spesjaal paad foar minsken mei in beheining om de fossilen te besjen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
