Nasjonaal Park Kahurangi
| Nasjonaal Park Kahurangi | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | Tasman | |
| koördinaten | 41°7' S 172°36' E | |
| oare ynformaasje | ||
| oerflak | 4.520 km² | |
| stifting | 1996 | |
| behear | Department of Conservation | |
| kaart | ||
It Nasjonale Park Kahurangi (Ingelsk: National Park Kahurangi) leit yn it noardwesten fan it Nij-Seelânske Sudereilân yn 'e regio Tasman. It park grinzget yn it noarden oan 'e Tasmansee en leit fan 'e rûge kust oant de hege bergen yn it binnenlân. Mei in oerflak fan likernôch 4.520 km² is it op it Nasjonale Park Fiordland nei it ien nei grutste nasjonale park fan Nij-Seelân. De namme Kahurangi komt út it Maoary en betsjut soksawat as kostber, juwiel, itjinge nei de bysûndere natuer ferwiist.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Maoary brûkten it gebiet al mear as 1000 jier ferlyn om dêr te jeien, fruchten te sykjen en jade te winnen. De ferneamde Heaphy Track folget foar in part it iuwenâlde spoar fan 'e Maoary tusken de westlike kust en Golden Bay. De Europeanen sochten dêr yn 'e 19e iuw nei goud, der waard hout kapt en boeren lieten harren fee weidzje, mar de rûge gebieten bleaunen oarspronklik.
It gebiet waard yn 1996 offisjeel in nasjonaal park. Sûnt wurdt de natuer strang beskerme mei in sterke fokus op it werstel fan lânseigen soarten.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ferskaat oan lânskippen is grut en der binne kliffen, sânstrannen en seegrotten. De kalkstienbergen ha ûnderierdske rivieren en njonken alpine plato's en gletsjers binne der grutte rivierdelta's. Yn 'e legere dielen binne tichte reinwâlden.
It heechste punt fan it gebiet is de Mount Owen mei in hichte fan 1.875 m. Ien fan 'e bekendste kuierrûte's is de Heaphy Track.
De westkant fan it gebiet is ien fan 'e wietste gebieten fan Nij-Seelân. Oan 'e kant fan Golden Bay is it drûger en skynt de sinne faker.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn it gebiet libje tige seldsume fûgelsoarten, lykas de tige seldsume grutte grize kiwy, de blauwe ein, de kaka en de kakariki. Lykas yn 'e rest fan Nij-Seelân binne der hast gjin lânseigen sûchdieren. Oan 'e kust binne Nij-Seelânske pelsrobben te sjen. Yn 'e ûndergrûnske wetterystemen libbet in unike grotfauna.
Oan 'e kust groeie Nikau-palmen en fierder binne der grutte súdlike bûkebosken. Yn 'e bergen groeie seldsume alpine krûden.