Springe nei ynhâld

Nasjonaal Park Fiordland

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nasjonaal Park Fjordlân)
Nasjonaal Park Fiordland
Milford Sound
Milford Sound
lokaasje
lân Nij-Seelân
regioSouthland, Otago
koördinaten45°2'S 167°19' E
oare ynformaasje
statusUNESCO-wrâlderfgoed
oerflak2.600.000 ha
stifting1952
behearDepartment of Conservation
websidewww.fiordland.org.nz
kaart
Nasjonaal Park Fiordland (Nij-Seelân-reliëf)
Nasjonaal Park Fiordland

It Nasjonaal Park Fiordland is it grutste nasjonale park op it Sudereilân yn Nij-Seelân. It heart ta it UNESCO-wrâlderfgoed Te Wahipounamu en is ferneamd om syn spektakulêre fjorden, djippe marren, griene reinwâlden en rûge bergen oant in hichte fan 2750 m.

It gebiet leit yn 'e súdwestlike hoeke fan it Sudereilân en beslacht 10% fan it lângebiet fan Nij-Seelân (2,6 miljoen hektare). It leit oan in stripe fan 450 km lang by de Tasmansee lâns oant 90 km it lân yn.

Foar de komst fan 'e Europeanen waard it gebiet troch de Maoary besocht. Hja wennen der net om't it gebiet dreech tagonklik wie, mar kamen der om te jeien, te fiskjen en om jade te winnen. De earste ûntdekkingsreizger dy't it gebiet ferkende wie James Cook, dy't mei syn skip de baai fan Dusky Sound ynfarde en dêr wikenlang bleau. Yn 'e 19e iuw waard it gebiet troch seehûnejagers en walfiskfarders besocht. Tusken 1792 en 1830 waarden dêr hûnderttûzenen pelsrobben fanwegen it bûnt fermoarde.

Yn'e jierren 1880 waarden de earste kuierrûtes útset, wêrûnder de ferneamde Milford Track, in 55 km lange rûte. Oare kuierrûtes binne Routeburn Track (39 km) en Kepler Track (60 km). Yn 1952 krige it gebiet offisjeel de status fan nasjonaal park en sûnt 1986 foarmet it gebiet ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed.

Fiordland hat in tige rûch en wiet lânskip. It is foarme troch miljoenen jierren fan tektoanyske aktiviteit en fral troch de wurking fan gletsjers yn 'e lêste iistiden. It gebiet is tige bekend fanwegen de djippe fjorden, lykas: Milford Sound, Doubtful Sound en Dusky Sound.

Wetterfallen yn Milford Sound.

Dy djippe fjorden ûntstiene mei't de gletsjers U-foarmige dellings útsliten, dy't troch seewetter folle waarden. De steile rotsen binne dêr somtiden wol 1000 m heech. Ek binne der djippe marren, lykas Lake Te Anau, dy't 61 km lang en 417 m djip is. De wetterfallen binne spektakulêr en de Sutherland Falls is mei goed 580 m de grutste wetterfal fan it lân.

It klimaat is ekstreem wiet. Op guon plakken falt mear as 7.000 mm wetter yn 't jier, itjinge oan de tige rike begroeiïng bydraacht.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste part fan it gebiet wurdt mei tichte reinwâlden oerdutsen. De meast foarkommende beammen binne súdlike bûkebeammen en súdlike taksusbeammen (podocarpus). Troch de hege luchtfochtigens groeie oeral beamfarens en moas. Op gruttere hichten wurde bosken ferfongen troch greiden mei lege strûken, gers en berchfloara. It oantal soarten planten is tige ryk en der binne in soad endemyske planten.

It park is in wichtich gebiet foar seldsume dieresoarten, fral fûgels. Dêrûnder is bygelyks de keä, de kiwy en de sudereilânpoarperhin. Yn 'e fjorden libje pinguïns, seeliuwen en dolfinen en oare fisksoarten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]