Nasjonaal Park Egmont
| Nasjonaal Park Egmont | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | Taranaki | |
| tichteby | New Plymouth | |
| koördinaten | 39°16' S 174°6' E | |
| oare ynformaasje | ||
| oerflak | 341,7 km² | |
| stifting | 1900 | |
| behear | Department of Conservation | |
| webside | www.doc.govt.nz | |
| kaart | ||
It Nasjonaal Park Egmont of (yn it Maoary) Te Papa-Kura-o-Taranaki is in natoergebiet yn Nij-Seelân. Te Papa-Kura-o-Taranaki leit oan 'e westkust fan it Noardereilân fan Nij-Seelân súdlik fan New Plymouth. It park hat in rûn oerflak en is yn 1900 ynsteld, nei't sûnt 1881 al in part fan it bosk beskerme waard. It is ien fan 'e earste nasjonale parken fan Nij-Seelân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 2025 waard it Nasjonaal Park Egmont offisjeel omneamd ta Te Papa-Kura-o-Taranaki. De nammeferoaring wurdt yn Nij-Seelân as in stap stjoen om de koloaniale skea goed te meitsjen en de ferbining tusken de Maoary-mienskip en harren foarâlden te werstellen. Yn' e tradysjes fan 'e Maoary is de fulkaan in hillige berch. De 2.518 m hege sliepende fulkaan leit sintraal yn it park en stiet bekend as de Mount Egmont, mar wurdt no offisjeel Taranaki Maunga neamd.
It park is ien fan 'e bêste bewearre bosk- en berchgebieten op it Nij-Seelânske Noardereilân en wurdt omfieme troch lânbougebiet. Yn it park libje noch bisten dy't yn 'e rest fan Nij-Seelân ferdwun binne. Troch de grutte hichteferskillen yn it park is der in grut ferskaat oan lânskiptypes fan leechlânreinwâlden oant berchbosken en alpine tûndra's. In spesjaal gebiet yn it park is de likernôch 1 km² grutte Ahukawakawa Swamp, in feangebiet op in hichte fan 920 m mei likernôch 260 plantesoarten dy't geskikt binne op wiete grûn en kâlde temperatueren. De útlit fan 'e sompe is de 30 m hege Bells Falls. In oare wetterfal is de 18 m hege Dawson Falls.

De bosken fan it park binne wichtich en it grutste part hat noch lânseigen beammen. Fral foar fûgels is it park tige wichtich. Under de 28 endemyske soarten binne û.o. de Nijseelânske do, de blauwe ein, de noardlike brune kiwi, de langsturtkoël, de Nijseelânske spûkûle oanwêzich. Fierder libje je der endemyske hagedissen en gekko's en hat it park in ryk wetterlibben mei lânseigen fisk- en krabbepopulaasjes.
Behear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut part fan it behear fan it park giet om it beskermjen fan 'e lânseigen planten en dieren en it bestriden fan ynfierde soarten.