Springe nei ynhâld

Nasjonaal Park Abel Tasman

Ut Wikipedy
Nasjonaal Park Abel Tasman
lokaasje
lân Nij-Seelân
regioTasman
tichtebyMotueka
koördinaten40°54' S 172°58' E
oare ynformaasje
oerflak225 km²
stifting1942
behearDepartment of Conservation
websidewww.abeltasman.com
kaart
Nasjonaal Park Abel Tasman (Nij-Seelân-reliëf)
Nasjonaal Park Abel Tasman

It Nasjonaal Park Abel Tasman is in natoergebiet yn Nij-Seelân dat ferneamd is nei Abel Tasman. It is in bercheftich gebiet oan 'e noardlike kust fan it Sudereilân, likernôch 20 kilometer fan 'e stêd Motueka. It park waard yn 1942 stifte en is mei in oerflak fan likernôch 225 km² it lytste nasjonale park fan Nij-Seelân.

De natuer bestiet út kustgebieten mei sânstrannen, kliffen, beboske bergen en wiete gebieten. It gebiet is sterker beynfloede troch minsken as de oare nasjonale parken fan Nij-Seelân en der binne spoaren fan boskbou en granytwinning. Hout foar de skipsbou wie in wichtige boarne fan ynkommen foar de Europeanen, dy't harren earst yn 1855 definityf yn it gebiet nei wenjen setten. De bosken op 'e berchhellingen waard eartiids platbaarnd om plak te meitsjen foar greide.

De ynteresse foar it behâld fan 'e natoer late der yn 1942 ta dat yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum fan Abel Tasman's earste besite oan Nij-Seelân 15.000 hektare oanwiisd waard as nasjonaal park. Sûnt is it park útwreide, foar it lêst yn 2008. Mar sels foardat Europeanen harren oan 'e kusten fan it park fêstigen, hie it gebiet al in rike kulturele skiednis as wenplak foar Maoary's, dy't al minstens 500 jier duorre.

De plante- en dierewrâld yn it park binne typysk foar de legere bosk- en berchgebieten fan Nij-Seelân. De fûgelwrâld is tige ryk, mei soarten as de toei (Prosthemadera novaeseelandiae) en de Australyske poarperhin (Porphyrio porphyrio melanotus).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]