Nasjonaal Natuerreservaat Wolong
| Nasjonaal Natuerreservaat Wolong | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | Sichuan | |
| distrikt | Wenchuan | |
| koördinaten | 31°1' N 103°6' E | |
| oare ynformaasje | ||
| oerflak | 200.000 hektare | |
| stifting | 1975 | |
| kaart | ||
It Nasjonaal Natuerreservaat Wolong leit yn it distrikt Wenchuan yn 'e provinsje Sichuan yn it súdwesten fan Sina. It is in likernôch 200.000 hektare grut natuergebiet yn in bercheftich gebiet fan sawat 1.150-1.200 m oant maksimaal 6.250 meter boppe seenivo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste diel dat beskerme waard wie yn 1963. Yn 1975 waard it beskerme gebiet útwreide en erkend as in nasjonaal natuerreservaat. Yn 1979 waard it gebiet ûnderdiel fan it ynternasjonaal programma foar biosfearreservaten. It gebiet waard yn 2006 opnommen yn it wrâlderfgoed fan UNESCO ûnder de namme Reservaten fan 'e reuzepanda yn Sichuan.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it gebiet binne mear as 4.000 plantesoarten yn kaart brocht. Ofhinklik fan hichtes kent it gebiet ferskate bosk- en plantesônes fan subtropyske grienbliuwende wâlden yn 'e legere dielen, nulle- en leafbosken op 'e middelhege nivo's oant alpine bosken op 'e hege dielen.
It gebiet is tige ryk oan seldsume saneamde reliktsoarten (oerbliuwsels út eardere geografyske tiidrekken), lykas de bûsdoekbeam (Davidia involucrata). Dêrnjonken binne der bamboewâlden, magnoalia's, rododendronstrûken, farens en in tige soarterike ûndergroei te finen.
De ferneamdste bewenner is sûnder mis de reuzepanda. It gebiet is ien fan 'e wichtichste gebieten dêr't er foarkomt. Neffens rûzings libje der oant 150 reuzepanda's yn it wyld. Oare ferneamde bisten binne de reade panda, de snieloaihoars, de dizepanter, de takin en ferskillende hartesoarten. It oantal sûchdieren telt mear as 100 soarten. Fierder binne der hûnderten fûgelsoarten en in grut oantal reptilen, amfibyën en ynsekten.
Ierdskodding fan 2008
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it natuerpark is in ûndersyks- en foksintrum foar panda's, dat in wichtige rol foar it behâld fan it bist spilet. It gebiet waard op 12 maaie 2008 troch in ierdskodding troffen, wêrfan't it epysk sintrum relatyf tichteby it natuerreservaat lei. In soad ynfrastruktuer fan it sintrum rekke tige skeind en fan 'e 32 hokken waarden der 14 folslein ferneatige. In wyfke fan meardere jongen ferstoar mei't de muore fan har ferbliuw ynstoarte. In oare panda wie ferdwûn en waard letter ûnder pún werom fûn.
Troch de skea en ûnfeiligens waard besletten it pandasintrum net wer op te bouwen op 'e âlde lokaasje, mar te ferhûzjen nei in feiliger plak yn it reservaat. It nije sintrum waard yn it doarp Gengda boud en yn 2012 foltôge. By de iepening waarden in oantal panda's werom brocht nei it nije sintrum, dêr't njonken in ûndersykssintrum ek in pandasikehûs is. Ek binne der gebieten foar panda's oanlein om se op harren frijlitting ta te rieden. Tagelyk útein set mei it werstellen fan bamboebosken yn it reservaat.