Nasjonaal Lânskip Middag-Humsterlân
Middag-Humsterlân is de namme fan in Nasjonaal Lânskip yn de provinsje Grinslân. It bestiet út de streken Middag en Humsterlân.
Sûnt 2005 hat it de status Nasjonaal Lânskip en is foardroegen foar de list fan wrâlderfgoed fan de Unesco.
Noardwestlik fan de stêd Grins lizze de eardere eilannen út de midsiuwen Middag en Humsterlân. Bewenning wie dêr earder mooglik op terpen (of wieren). Dy terpen binne archeologysk ynteressant en yn goede steat. Tusken de eilannen lizze tichtslike waadprielen dy't noch altiten werom te finen binne yn de bûgde foarmen fan de sleatten en perselen.
Middag komt fan Midage of mid each; it betsjutte middelste eilân. Humsterlân komt fan Hugmerchi of karspel, dat is in (tsjerklike) gemeente mei in eigen rjochtspraak.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In oerbliuwsel fan in Sistersjenzer kleaster en museum yn Aduard.
- In autentike romaanse tsjerke út de twadde helte fan de13e iuw yn it wierdoarp Oostum.
- In tige âlde buorren gat it wierdoarp Garnwerd.
- De wierdoarpen Niehove (mei besikerssintrum) en Saaksum.
- In út de 13e iuw stamjende Romaanse Tsjerke eigendom fan de Stifting Alde Grinslanner Tsjerken yn Fransum.
- De Hamster- of Piloersmaboarch de ienige noch as pleats brûkte Grinslanner boarch yn Den Ham.
- De Allersmaboarch yn Ezinge
- Yn Ezinge sit ek Museum Wierdenland dat as doel hat om de oandacht te festigjen op de skiednis fan wieren en it wierlân.
Fierders binne der noch de buorskip Krassum dêr't it Piterpaad trochhinne rint en Brillerij dêr't de wier foar it meastepart ôfgroeven is.