Springe nei ynhâld

Nandoes

Ut Wikipedy
Nandoes
nandoe
nandoe
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:nandoe-eftigen (Rheiformes)
famylje:nandoefûgels (Rheidae)
skaainandoes (Rhea)
Brisson, 1760

It fûgelskaai nandoes (Rhea) heart ta de famylje fan 'e nandoefûgels (Rheidae) yn it skift fan 'e nandoe-eftigen (Rheiformes).

It skaai bestiet út grutte, net-fleanende rinfûgels dy't lânseigen binne yn Súd-Amearika. Se lykje op 'e strúsfûgel, mar binne lytser, hawwe trije teannen ynstee fan twa en hawwe mear fearren op 'e nekke en kop. Nandoes kinne tige hurd rinne en brûke harren grutte wjukken om by it hurdrinnen yn lykwicht te bliuwen en hommels fan rjochting te feroarjen.

Se libje foaral op iepen flakten, lykas de pampas, gerslannen en heechflakten yn 'e Andes. It binne sosjale bisten dy't faak yn groepen omdoarmje. Hjoed-de-dei komt de nandoe as ferwyldere eksoat ek yn it wyld foar yn Dútslân.

It skaai bestiet út twa soarten:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus/Trend
lytse nandoeRhea pennataArgentynje, Bolivia, Sily en Perû yn 'e Andes en op 'e Patagoanyske steppes
ôfnimmend[1]
nandoeRhea americanaArgentynje, Bolivia, Brazylje, Paraguay, Oerûguay) en as eksoat yn Noard-Dútslân
ôfnimmend[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: