Springe nei ynhâld

Nadja

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer literatuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
André Breton, 1927

Nadja (Frânsk, de namme is in frouljusnamme) is in roman fan de Frânske skriuwer André Breton út 1927, útjûn yn 1928, troch La Nouvelle Revue française yn Parys. Oarspronklik wie it in boek yn twa parten. Yn 1962 hat de skriuwer der in tredde part by skreaun, wat der yn 1963 oantafoegd waard. Gjin fan beide ferzjes hawwe in oersetting yn it Frysk.

Nadja kin sjoen wurde as it besykjen fan Breton om surrealisme as libbenswize te beskriuwen. De foarfallen fan de roman sitte altyd fêst yn de (deistich) wurklikheid, mar dy bliuwt wol wat ophongen tusken dream en werklikheid, tusken libben en keunst. Yn it boek komme alle tema's dy't typysk binne foar it surrealisme: in drang ta skokken, begearte, it fantastyske, it ûnmooglike, magyske, ûneinige frijheid, ôfwizing fan logyske ferstân dy't alles ûnbekende ferminderje wol ta it bekende.

De Nadja út it boek liket Léona Delcourt west te hawwen.

Wat struktuer oanbelanget, kin Nadja sjoen wurde as in soarte fan kollaazje, dy't fan it iene punt nei it oare springt. Dat effekt wurdt fierder fersterke troch it brûken fan 44 yllustraasjes yn it boek: meast foto's (wêrûnder strjitsênes fan Jacques-André Boiffard en portretten fan Man Ray), mar ek reproduksjes fan keunstwurken (bygelyks fan sênes fan Juan Gris en Max Ernst) en tekeningen dêr't Nadja en Breton sels op te sjen binne.