Nadia Moussaid

Ut Wikipedy
Nadia Moussaid
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nadia Moussaid
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 maaie 1984
berteplak Skiedam (Súd-Hollân)
etnisiteit Dútsk
Nederlânsk
Marokkaansk Arabysk
wurkpaad
wurksum as presintatrise,
   programmamakster
medium tillefyzje, radio
wurksum by VPRO, NTR
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
Nadia Moussaid

Nadia Moussaid (Skiedam, 30 maaie 1984) is in Nederlânsk presintatrise en programmamakster fan mingd Nederlânsk, Eastenryksk-Dútsk en Marokkaansk-Arabysk etnysk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moussaid waard yn 1984 berne yn Skiedam, as de dochter fan in heal-Nederlânske, heal-Eastenrykske mem en in Marokkaanske heit. Yn 2009 studearre se ôf yn sosjale en kulturele antropology oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam.

Yn 2010 kaam Moussaid by op 'e redaksje en de researchôfdieling te wurkjen fan 'e MTNL/VPRO. Yn 2012 stapte se oer nei de redaksje fan AT5, de pleatslike tillefyzjestjoerder fan Amsterdam.

Moussaid makke ferskate dokumintêres. Yn Leven, Liefde & HIV, út 2015, dat útstjoerd waard troch de NCRV, portrettearre se twa froulju dy't oanhelle rekke wiene mei it HIV-firus. Yn Lost Generation, ek út 2015, folge se wurkleaze jongerein yn Bosnje-Hertsegovina.

Yn 2016 wurke Moussaid mei oan it radioprogramma Nieuws en Co, fan 'e NPO. Datselde jiers krige se in eigen wykliks praatprogramma by de NTR op 'e tillefyzje, mei as namme De Nieuwe Maan.

Fan 30 july oant en mei 31 augustus 2018 presintearre se op NPO 1 it lettejûnspraatprogramma Laat op één dat yn 't plak kaam fan Eva Jinek har programma. Jinek moast ferlof nimme út reden fan har swierwêzen. Yn septimber 2018 droech Moussaid de presintaasje fan De Nieuwe Maan oer oan Fidan Ekiz.

Yn de maitiid fan 2019 stapte hja oer fan KRO-NCRV nei de VPRO, dêr't se sawol op de radio as de telefyzje programma’s makket.[1] Se presintearre Bureau Buitenland en die ferslach fan it Holland Festival. Fan 4 jannewaris 2020 ôf oan presintearret Moussaid it nij boeke-, film- en muzykprogramma dat Boeken en Vrije Geluiden ferfong mei de titel Mondo.[2]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.