Nadia Ali (aktrise)

Ut Wikipedy
Nadia Ali (aktrise)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Nadia M., Heena
echte namme Onaza Malik
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 july 1991
berteplak ûnbekend (Nij-Jersey)
etnisiteit Pakistaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20152017
offisjele webside
Nadia Ali op Twitter

Nadia Ali, echte namme: Onaza Malik (yn Nij-Jersey, 22 july 1991), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en rêstend pornografysk aktrise fan Pakistaansk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Nadia M. en Heena. Yn 2013 sette se útein mei in wurkpaad as stripper, en fan 2015 oant 2016 wie se dêrnjonken ek aktyf as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nadia Ali waard yn 1991 berne yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn in húshâlding fan Pakistaanske ymmigranten fan 'e earste generaasje. Hja wie it twadde bern yn it gesin fan har âlden. Hoewol't se nea in hidjaab droech, waard se op konservatyf islamityske wize grutbrocht. Yn in fraachpetear fertelde se letter dat se har dêrtroch har hiele jonkheid isolearre field hie fan 'e rest fan 'e Amerikaanske maatskippij. Ek fertelde Ali dat se nettsjinsteande it feit dat se mei har famylje brutsen hat, noch altyd in praktisearjend moslima is en tusken har wurk troch twa oant trije kear deis de salah, it rituële gebed yn 'e rjochting fan Mekka, útfierd.

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, ferfear Ali nei San Francisco, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se in eigen skientmesalon begûn mei as spesjalisme it epilearjen fan wynbrauwen. Yn 2013 helle in freondinne har oer om ris in optreden yn in stripklub te prebearjen. Doe't se op ien jûn $500 fertsjinne, besleat Ali om in wurkpaad as profesjoneel stripper te begjinnen.

Yn 2015, doe't se 24 jier wie, makke Ali har debút as aktrise yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn achttjin pornofilms, û.m. foar bekende filmstudio's as Girlfriends Films, BangBros en Dogfart. Dêrfoar wurke hja gear mei manlike tsjinspilers as J-Mac, Jon Jon en Mike Adriano. Ali waard oanfitere om yn 'e rollen dy't se spile in hidjaab te dragen of oare klean dy't tradisjoneel assosjearre wurde mei islamityske froulju, lykas yn har bekendste film, Women of the Middle East.

Se sei letter dat se net wiis wie mei in soad rollen dy't se oanbean krige, en dat se it leafst lesbyske en masturbaasjesênes die, om 'e seksualiteit sjen te litten fan froulju út Súd-Aazje, fan wa't de measten soks net toane kinne om't se finzen sitte yn in tige patriargale maatskippij. Dêr wie neffens Ali lykwols net de religy, mar de kultuer debet oan. Ut Pakistan krige Ali tige negative reäksjes op har wurk as pornoaktrise. Sa waard se troch de oerheid fan dat lân formeel ta persona non grata ferklearre om't se yn in pornofilm in hidjaab droegen hie, wat yn it heitelân fan har âlden opfet waard as it te skande meitsjen fan 'e islaam. Ek krige se fia de sosjale media in soad deadsbedrigings.

Yn 2016 waard Ali frege foar in film wêryn't se seksuële omgong hawwe moast mei in akteur dy't útkeazen wie om't er sterk op 'e Amerikaanske presidint Donald Trump liek, dy't him, benammen ûnder syn presidintskampanje, mar ek dêrnei noch, tige negatyf oer moslims útlitten hat. Ali fûn it oanbod fan dy rol fernederjend en tsjûgjen fan minachting foar moslima's oer. Se besleat dêrom en breide in ein oan har karriêre as pornoaktrise. Neitiid lei se har ta op har wurk as stripper. Yn in fraachpetear sei se dat yn 'e takomst wer in skientmesalon ferwachte te iepenjen.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nadia Ali is blank fan Súdaziatysk komôf, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike kupmaat 32C. Njonken de wenstige gatsjes yn 'e earlellen hat ek in piercing troch har lofternoaswjuk en in nâlpiercing. Tatoeaazjes hat se lykwols net.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2016 AVN Award nominearre meast seksy nijynkommelinge n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.