Nabot
| Nabot | ||
| Nabot fan Jizreël | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Naboth | |
| berteplak | Jizreël | |
| stjerplak | stiennige yn Jizreël (1 Keningen 21:13) | |
| folk | Israëlysk | |
| Bibelske rol | ||
| perioade | 9e iuw f.Kr. | |
| bekend fan | wegering om erfgrûn ôf te stean; stienniging | |
| neamd yn | 1 Keningen 21; 2 Keningen 9:21–26 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Nabot is yn it Alde Testamint de eigner fan in wyngerd en in man dy't trou bleau oan 'e wet fan JHWH en dat mei syn libben betelle.
Nabot stiet foar de trou oan 'e mozayske erfwetten (Leviticus 25:23; Numeri 36:7) en ferset tsjin machtsmisbrûk. Syn dea waard op inisjatyf fan keninginne Izébel orkestrearre en kening Achab profitearre dêr fan.
Nabot besiet in wyngerd dy't fuort oan 'e tunen fan it paleis fan kening Achab lei. Achab woe de grûn graach keapje om op dat plak in krûdetún oan te lizzen. Nabot wegere dat om 't er de grûn fan syn foarfaars erfd hie en neffens de doetiidske religieuze wetten mocht Nabot dy grûn net ferkeapje. Dat makke kening Achab mismoedich en syn slûchslimme frou Izébel betocht doe in set en hja bedraaide dat Nabot falsk beskuldige waard fan godslastering en it misledigjen fan 'e kening. Op basis fan twa falske tsjûgenissen waard Nabot bûten de stêd brocht en dêr stiennige.
Nei de dea fan Nabot naam kening Achab de wyngerd yn beslach. De profeet Elía konfrontearre de kening mei dy misdied en foarsei Achab de ûndergong fan 'e dynasty en dat de hûnen syn bloed drinke soene. Ek foarsei Elía dat de hûnen Izébel fersline soene by de muorren fan Jizreël. Doe't kening Achab de wurden fan 'e profeet hearde, skuorde er syn klean en klaaide er him sûnt yn rouklean. It oardiel fan Elía waard yn 1. Keningen 21:19 (Achab's bloed), 1 Keningen 21:23 (Izébel) en 1 Keningen 21:21-22 (ferneatiging fan it Hûs fan Achab) neikommen.
Bibelteksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 Keningen 21:1–3 – Achab wol Nabot syn wyngerd; Nabot wegeret op grûn fan 'e wet
- 1 Keningen 21:4–7 – Izébel betinkt in komplot
- 1 Keningen 21:8–13 – falske tsjûgen en de dea fan Nabot troch him te stiennigjen
- 1 Keningen 21:15–16 – Achab nimt de wyngerd yn beslach
- 1 Keningen 21:17–24 – Elía sprekt it oardiel út tsjin Achab en Izébel
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
