Springe nei ynhâld

Beppe Spin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Na'ashjé'ii Asdzáá)
Beppe Spin
In tradisjonele Navaho-tekken. It krús is it symboal foar de Spinnefrou (Na'ashjé'ii Asdzáá).
In tradisjonele Navaho-tekken. It krús is it symboal foar de Spinnefrou (Na'ashjé'ii Asdzáá).
persoanlike bysûnderheden
religyYndiaanske natoerreligyen yn Noard-Amearika
domeinierde, skepping,
   help en beskerming
attributen
bistspin

Beppe Spin of de Spinnebeppe, ek wol bekend as de Spinnefrou, is in figuer út 'e mytology fan in grut tal Yndiaanske folken yn Noard-Amearika. Hja spilet in wichtige rol yn 'e mûnling oerlevere folksferhalen en folkloare fan dy folken, benammen yn it súdwestlike part fan 'e Feriene Steaten.

Yn 'e mytology fan 'e Hopy (Hopi), út 'e Amerikaanske steat Arizona, wurdt Beppe Spin oantsjut as Kokyangwuti of Gogyeng Sowuhti, wat "de Spinnebeppe" betsjut. Hja wurdt foarsteld as in âlde of tiidleaze frou, dy't harsels feroarje kin yn in spin. Yn dy foarm libbet se yn in lytse ûndergrûnske hoale, dy't de foarm hat fan in kiva, in tradisjonele Hopy-wente.

Neffens de Hopy soe Beppe Spin, dy't identifisearre wurdt mei de ierdgoadinne, tegearre mei de sinnegod Tawa de mindere goaden, de ierde en de minsken skepen hawwe. Neitiid waard hja troch de Hopy fereare as in wize liedsfrou dy't foar it goede stie en op wa't yn tiden fan need en noed in berop dien wurde koe foar goerie en medisinale genêswizen.

De mei de Spinnefrou fan 'e Navaho assosjearre Spider Rock yn 'e Canyon de Chelly yn Arizona.

De Navaho (Navajo), dy't yn deselde krite wenje as de Hopy, neame Beppe Spin Na'ashjé'ii Asdzáá, dat "de Spinnefrou" betsjut. Foar harren is sy de konstante helpster en beskermster fan 'e minsken. Se wurdt lykwols ek as berneskrik brûkt, mei't se as spin har web spanne soe om ûndogenske bern te fangen en op te iten. In steande rots yn it wengebiet fan 'e Navaho, dy't dêrom Spider Rock hjit, wurdt mei har assosjearre.

Yn 'e skeppingsmyte fan 'e Navaho, sa't dy yn 1928 optekene waard troch Aileen O'Bryan, wurde in Spinnefrou en in Spinneman neamd, dy't by de Navaho de spintop en it weefgetou yntrodusearre hawwe soene. Yn oare myten wurdt de Spinnefrou foarsteld as in helpster fan 'e minskheid, krekt as by de Hopy. Sa soe se de minsken leard hawwe om jern te spinnen fan skieppewol en fan dy jern klean te weevjen, sadat de minsken de winterske kjeld oerlibje koene.

Oare folken út it Amerikaanske Súdwesten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sûny (Zuni), in oar Yndiaansk folk út it Amerikaanske Súdwesten, hawwe soartgelikense ferhalen oer Beppe Spin. By de folken fan 'e Pueblo-kultuer fan Nij-Meksiko wie Alde Spinnefrou frijwol synonym mei de goadinne Tinzefrou, mei dit ferskil: de namme Tinzefrou wie reservearre foar hillige seremoanjes, wylst Alde Spinnefrou oanhelle waard foar lessen yn 'e kontekst fan it aldendeiske libben.

De Amerikaanske folkekundige Karl Taube suggerearre yn 1983 foarsichtich dat Beppe Spin út it Amerikaanske Súdwesten wolris itselde mytologyske figuer wêze kinne soe as de Grutte Goadinne fan 'e Prekolumbiaanske beskaving fan Teotihuacan, yn sintraal Meksiko.

By de Odjibwe (Ojibwe) of Tsjippewa (Chippewa), fan 'e krite fan 'e Grutte Marren, stie Beppe Spin bekend as Asibikaashi. Hja waard beskôge as in helpster fan 'e minsken, dy't memmen (en froulike famyljeleden) oanfitere om dreamefangers te weevjen, dy't sawol bern as folwoeksenen yn harren sliep beskermje moasten.

De Tsjoktou (Choctaw) fan Tennessee en Mississippy hawwe in myte wêryn't Beppe Spin fjoer stelt fan 'e goaden om it oan 'e bisten te jaan. As dy har ôfstegerje, jout se it ynstee oan 'e minsken.

De folkloriste Susan Hazen-Hammond sammele withoefolle myten en folksferhalen oer Beppe Spin fan in grut tal folken yn har wurk Spider Woman's Web (1999).

Yn 'e mytology fan 'e Lakota fan 'e noardlike Grutte Flakten komt Beppe Spin net foar, mar wol de manlike trickster-god Iktomi, dy't ek de foarm fan in spin hat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.