Nüttermoor
| Nüttermoor Stadtteil fan Lier | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 265 (2017) | |
| Oerflak | 13,37 km² | |
| Hichte | 1,6 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26789 | |
| Koördinaten | 53°15' N 7°26' E | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Doarpsgebiet Nüttermoor (read) yn it stedsgebiet fan Lier. | ||
Nüttermoor is in Stadtteil fan 'e Eastfryske stêd Lier yn'e Dútske dielsteat Nedersaksen. It plak leit yn it noarden fan it stedsgebiet en is hjoed-de-dei in stik grutter as it oarspronklike doarp.
It doarpsgebiet fan Nüttermoar leit fan 'e Iemsdyk yn it westen oant nei Logabirum yn it easten. Yn it noarden fan it doarpsgebiet leit it regionale fleanfjild Lier-Papenburg en de 160 m hege stjoermêst Lier-Nüttermoor. Ek lizze der grutte yndustrygebieten. Op it doarpsgebiet leit ek ien fan 'e twa grutte winkelsintra fan 'e stêd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oarspronklike doarp ûntstie op in sânrêch noardlik fan Lier. By it doarp waard yn 1283 kleaster Thedinga stifte. De op in terp (Warft) lizzende grifformearde tsjerke datearret út it begjin fan 'e 14e iuw en waard nei alle gedachten fanút it kleaster stifte.
Op 1 jannewaris 1973 waard Nüttermoor by de stêd Lier yndield.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Stedsdielen fan Lier | ||
|---|---|---|
| Bingum • Heisfelde • Hohegaste • Leerort • Lier • Loga • Logabirum • Nettelburg • Nüttermoor | ||
