Mysjkin
Mysjkin
Мышкин | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Oblast | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5621 (2021) | |
Oerflak | 5 km² | |
Hichte | 110 m | |
Oar | ||
Stifting | 15e iuw | |
Tiidsône | (UTC+3) | |
Koördinaten | 57° 47' N 38° 27' E | |
Offisjele webside | ||
www.gorodmyshkin.ru | ||
Kaart | ||
Mysjkin (Russysk: Мышкин) is in lytse stêd oan 'e lofterigge fan 'e Wolga yn 'e oblast Jaroslavl noardlik fan Moskou yn Ruslân. De stêd hat likernôch 5.500 ynwenners.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme Mysjkin komt fan it Russyske wurd foar mûs: "мышь" (mysh'). Oan 'e igge fan 'e Wolga woe neffens in mearke nei de jacht in foarst efkes in knipperke dwaan, mar hy slepte oeren troch oant in mûs op syn gesicht sprong en him wekker makke. De foarst seach op itselde stuit in slang njonken him, dus de mûs rêde him it libben. Dêrom rôp de foarst syn mannen tegearre en hjitte har om in kapel foar de hilligen Boris en Gleb te bouwen, dêr't letter Mysjkin ûntstie (mûzestêd). De mûs wurdt noch jimmeroan fereare yn it plakje, sa komt de mûs yn it wapen foar en der is sels in mûzemuseum (Музей Мыши), dêr't alles om mûzen draait – fan keunstwurken oant byldsjes en grappige eksposysjes.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mysjkin waard foar it earst yn 'e 15e iuw neamd en wie in wichtich lyts hannelsplakje oan 'e Wolga. Troch syn lokaasje oan 'e rivier wie it in trochgongspûnt foar keaplju en reizgers.
It plak krige 1777 ûnder it bewâld fan Katarina de Grutte de status fan stêd, mar yn 20e iuw waard it fanwegen de lytse omfang wer ta in doarp degradearre. Earst yn 1991 krige it offisjeel de stêdstatus werom.
It plak hat it byld fan in klassyk Russysk provinsjestedsje bewarre mei noch in soad âlde houten huzen en strjitsjes, dy't sûnt de 19e iuw hast net feroare binne.
Troch de lokaasje oan 'e Wolga wurdt it plak besocht troch toeristen fan riviercruiseskippen. it stedsje hat in rêstige sfear mei in soad 19e-iuwske gebouwen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Untsliepeniskatedraal (Успенский собор).
- De Nikolaaskatedraal (Никольский собор) is de katedraal fan in in lyts kleaster.
- It plak is ryk oan houten Russyske arsjitektuer
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mûzemuseum (Мышиный музей), it iennige mûzemuseum fan 'e wrâld.
- Folkloaremuseum (Музей крестьянского быта), in streekmuseum.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mysjkin fan Wikimedia Commons. |