Muskaatdowen
Muskaatdowen (Ducula) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard foar it earst yn 1836 troch Brian Houghton Hodgson publisearre.
It binne grutte oant tige grutte dowen mei in swiere bou en middelgrutte oant lange sturten. Se libje yn beammen, ite fral fruit en binne nau besibbe oan de soarten út it skaai Ptilinopus, dy't ek fruit ite. Soarten út beide skaaien ha felkleure fearren, fral grien en faak mei konstrastearjende ûnderkanten fan pears, oranje en read. Se spylje in grutte rol by de fersprieding fan sied.
Muskaatdowen libje benammen yn bosken fan Súd- en Súdeast-Aazje, Nij-Guineä, it noarden fan Austraalje en de Pasifyske eilannen. In soad soarten binne nomadyske en migrearje oer grutte ôfstannen nei plakken dêr't de fruitbeammen fruchtdrage. Fanwegen it ferlies fan habitat en predaasje hearre guon soarten ta de meast bedrige fûgels fan 'e wrâld.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De binne 42 soarten yn it skaai bekend:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | IUCN Status/trend |
|---|---|---|---|
| Australyske muskaatdo | Ducula spilorrhoa | net bedrige | |
| Bânmuskaatdo | Ducula zoeae | net bedrige | |
| Berchmuskaatdo | Ducula badia | net bedrige | |
| Brilmuskaatdo | Ducula perspicillata | net bedrige stabyl[4] | |
| Brûnsrêchmuskaatdo | Ducula chalconota | net bedrige | |
| Bûnte muskaatdo | Ducula carola | gefoelich | |
| Engganomuskaatdo | Ducula oenothorax | hast bedrige | |
| Fanûatûmuskaatdo | Ducula bakeri | net bedrige trend ûnbekend[8] | |
| Fidzjymuskaatdo | Ducula latrans | net bedrige | |
| Filipynske muskaatdo | Ducula poliocephala | gefoelich | |
| Finsch' muskaatdo | Ducula finschii | hast bedrige | |
| Geelvinkmuskaatdo | Ducula geelvinkiana | net bedrige stabyl[12] | |
| Griene muskaatdo | Ducula aenea | hast bedrige | |
| Grize muskaatdo | Ducula pickeringii | gefoelich | |
| Javaanske muskaatdo | Ducula lacernulata] | net bedrige | |
| Kastantanjebúkmuskaatdo | Ducula brenchleyi | gefoelich | |
| Keningsmuskaatdo | Ducula pistrinaria | net bedrige | |
| Krêmkleurige muskaatdo | Ducula subflavescens | hast bedrige | |
| Lytse muskaatdo | Ducula radiata | net bedrige | |
| Markizenmuskaatdo | Ducula galeata | bedrige | |
| Mikronezyske muskaatdo | Ducula oceanica | gefoelich | |
| Mindoromuskaatdo | Ducula mindorensis | hast bedrige net bekend[22] | |
| Molukske muskaatdo | Ducula concinna | net bedrige | |
| Nikobarenmuskaatdo | Ducula nicobarica | hast bedrige | |
| Pasifyske muskaatdo | Ducula pacifica | net bedrige | |
| Pinon's muskaatdo | Ducula pinon | net bedrige stabyl[26] | |
| Polynezyske muskaatdo | Ducula aurorae | bedrige | |
| Readboarstmuskaatdo | Ducula rufigaster | net bedrige | |
| Readbúkmuskaatdo | Ducula basilica | net bedrige stabyl[29] | |
| Readknobbemuskaatdo | Ducula rubricera | net bedrige | |
| Reuzemuskaatdo | Ducula goliath | hast bedrige | |
| Rôze muskaatdo | Ducula rosacea | hast bedrige | |
| Selebesmuskaatdo | Ducula forsteni | net bedrige | |
| Serammuskaatdo | Ducula neglecta | hast bedrige | |
| Swartknobbemuskaatdo | Ducula myristicivora | net bedrige | |
| Swarte muskaaatdo | Ducula melanochroa | net bedrige | |
| Swartkraachmuskaatdo | Ducula mullerii | net bedrige | |
| Timoreeske muskaatdo | Ducula cineracea | hast bedrige stabyl[38] | |
| Twakleurige muskaatdo | Ducula bicolor | net bedrige | |
| Wartons muskaatdo | Ducula whartoni | net bedrige stabyl[40] | |
| West-Ghatsmuskaatdo | Ducula cuprea | net bedrige | |
| Wite muskaatdo | Ducula luctuosa | net bedrige | |
Op basis fan archeologyske fynsten binne twa soarten beskreaun, dy't net lang ferlyn útstoarn binne:
- † Ducula tihonireasini kaam foar op 'e Gambiereilannen, Frânsk-Polyneezje.
- † Ducula shutleri, kaam foar op Tonga.
