Museumpark Orientalis
| Museumpark Orientalis | ||
| Haadgebouw | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | Heilig Landstichting | |
| adres | Profetenlaan | |
| koördinaten | 51° 48' N, 5° 53' E | |
| Algemiene gegevens | ||
| hist. namme | Roomsk-katolyk devoasjepark Heilig Land Stichting (1911-1968) Bibelsk Iepenloftmuseum (1968-2007) | |
| type | Iepenloftmuseum | |
| wurkmêd | Evangeelje | |
| oprjochting | 1911 | |
| oerflak | 100 hektare | |
| Offisjele webside | ||
| .museumparkorientalis.nl | ||
| Kaart | ||
Museumpark Orientalis, is in iepenloftmuseum fêstige yn it doarp Heilig Landstichting yn it súden fan de Nederlânske provinsje Gelderlân. Namme en opset fan de ynstelling binne in pear kear feroare. It waard yn 1911 stichte as roomsk-katolyk devoasjepark ûnder de namme Heilig Land Stichting. Fan 1968 oant 2007 hjitte it Bibelsk Iepenloftmuseumen, sûnt Museumpark Orientalis. De namme Orientalis ferwiist nei de Oriïnt en nei oriïntaasje op aktuele fraachstikken fan de maatskippij. Orientalis wol in museum wêze op it mêd fan kultuer en religy.
De Oriïnt (Midden-Easten) is de bakermatte fan de trije Abrahamityske religyen (grutte monteïstyske godstsjinsten út it Midden-Easten): joadedom, kristendom en islam. Yn it museum wurdt omtinken jûn oan'e eftergrûnen en de tradysjes fan dizze trije godstsjinsten. In oantal fan de bouwurken yn it museumpark stiet op de list fan ryksmonuminten fanwegen harren bysûndere (oriïntaalske) arsjitektuer. It museum leit yn in boskige en heuvelige omjouwing en befettet ferskate doarpkes, pleinen, stedsstrjitten, ikkers en easterske planten en bisten.
Finansjele en ideologyske problemen bedrigen it fuortbestean fan it museumpark yn it begjin fan de 21e iuw. Yn 2012 waard, nei in tal drege jierren dêr't Orientalis foar in grut part yn ticht wie, nei renovaasje in trochstart makke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It museumpark waard yn 1911 oprjochte, troch de Waalwykske katolike preester Arnold Suys (1870-1941), as devoasjepark en pylgeroarde foar leauwigen dy't net by steat wiene om nei it Hillige Lân te gean. Ynearsten stie it Bibelske Nije Testamint, mei berte, libben en lijen fan Jezus Kristus, sintraal. Dat wie yn gearwurking mei arsjitekt Jan Stuyt en keunstner Piet Gerrits. De gebouwen út dy earste tiid binne sûnt 2003 ryksmonumint, lykas it hûs fan de lânhearre, de neiboude tradisjonele synagoge, it Sanhedrin en in âld-Gryksk hûs.
Op fersyk fan biskop Bluyssen kaam in oanbefellingskommisje yn 1968 ta it advys om de Heilig Land Stichting te modernisearjen en benammen de joadske oarsprong fan it kristlike leauwe te beljochtsjen. It museum waard doe minder evangelisearjend fan aard en rjochte him mear op de totale kultuer út de tiid. Dêrnei feroare de oarspronklike namme Heilig Landstichting nei Bibelsk Iepenloftmuseum.
Yn 1993 krige, ûnder biskop mgr. Ter Schure fan De Bosk, in tredde monteïstyske religy it omtinken fan it museum: de islam, dêr't it museum opnij foar ynrjochte waard. De wize dêr’t dit op barde late yn 2002 ta in grut skeel tusken it museumbestjoer en it bisdom, dat op dat stuit laat waard troch de yn 1998 beneamde biskop Hurkmans. Dy easke fan de direksje fan it museum dat Jezus Kristus en syn evangeelje wer mear sintraal komme soene te stean yn it museum.
Yn 2007 feroare it museum syn namme nei Museumpark Orientalis. Tusken novimber 2009 en maaie 2012 wie it museum allinnich yn de simmerwykeinen en foar kultuerhistoaryske groepsrûnliedingen op ôfspraak iepene, ta gefolch fan in tekoart fan in inkelde tonnen yn it jier.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beth juda
- 'Grot fan Bethlehem
- bedoeïenentinte
- Karavanserai
- Paleis fan Pilatus
- Sanhedrin
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
