Springe nei ynhâld

Museumdoarp de Locht

Ut Wikipedy
De Locht
  museum
Krûdetún
Krûdetún
Lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
GemeenteFlagge gemeente Horst oan de Maas Horst oan de Maas
plakMelderslo
adresBroekhuizerdijk
koördinaten51° 27' N, 6° 5' E
Algemiene gegevens
typeIepenloftmuseum
wurkmêdit plattelânslibben yn Noard-Limburch 1850-1950
oprjochting20 april 1990
Offisjele webside
delocht.nl
Kaart
Museumdoarp de Locht (Limburch)
Museumdoarp de Locht
De lokaasje fan it museum yn Limburch

Museumdoarp de Locht, is in iepenloftmuseum fêstige yn it doarp Melderslo yn it noarden fan de Nederlânske provinsje Limburch. It museum jout in byld fan it plattelânslibben yn de regio fan 1850 oant 1950. Dêrneist wurdt der yn ôfsûnderlike paviljoenen omtinken jûn oan ûntwikkelingen yn de teelt fan asperzjes en sjampinjons en fan de glêstúnbou.

Op it plak fan it museum stiet al fiifhûndert jier in pleats mei de namme "De Locht"; dêrom hat ek it museum dizze namme krigen. It betsjut: rêstplak, iepen flakte yn in begroeiïng. De hjoeddeiske pleats waard yn 1859 boud. It kompleks bestiet dêrneist út in samling gebouwen mei in tradisjonele funksje.

It museum bestiet sûnt 20 april 1990. Yn 2015 is it museum fernijd en útwreide, oan de Broekhuizerdijk kaam in nije yngong. Fierder is der in asperzjepaviljoen boud mei aspergefjild. By it asperzjemuseum heart ek in asperzjetunnel, wêryn't de besiker om sa te sizzen troch in asperzjebêd kuieret. Dizze tunnel hat earder yn 2012 op de Floriade yn Fenlo stien. Ek kaam der it sjampinjonpaviljoen, in grutte wite koepel, dy't in trochsniene sjampingnon foarstelt. De teelt fan asperzjes en sjampinjons wurdt fan it begjinstadium ôf ta einprodukt yn byld brocht.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Iepenloftmusea yn Nederlân
    Fryslân
    De Spitkeet · It Damshûs · 't Fiskershúske
    Nederlân
    Achterhoeksk Iepenloftmuseum · Archeon · Aviodrome · Bourtange · Boerenbondsmuseum · De Locht · De Lebbenbrugge · Eynderhoof · Ellert en Brammert · Het Hoogeland · Kaap Skil · Nederlânsk Iepenloftmuseum · Orientalis · Museum Oud-Oosterhout · Iepenloftmuseum Ootmarsum · Orvelte · preHistorisch Dorp · Suderseemuseum · Saanske Skâns · Feanpark
    · · Berjocht bewurkje