Springe nei ynhâld

Museum de Fundatie

Ut Wikipedy
Museum de Fundatie
  museum
Museum de Fundatie
Museum de Fundatie
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Oerisel
gemeenteFlagge fan Swol Swol
plakFlagge fan Swol Swol
adresBlijmarkt
koördinaten52° 30' N, 6° 5' E
Algemiene gegevens
typekeunstmuseum
wurkmêdByldzjende keunst
oprjochting1958
Arsjitektuer
type gebouGerjochtsgebou
arsjitektEduard Louis de Coninck
boustylNeoklassisisme
monumint. statusRyksmonumint
monumintnûmer41563
Offisjele webside
museumdefundatie.nl
Kaart
Museum de Fundatie (Swol-Binnenstêd)
Museum de Fundatie
Lokaasje yn Swol

Museum de Fundatie is in Nederlânsk museum foar byldzjende keunst, fêstige yn Swol, dat bestiet sûnt 1958. Bûten Nijenhuis yn Wijhe is ek ûnderdiel fan it museum.

Bûten Nijenhuis yn Wijhe

It museum ferhuze yn 2005 nei it Paleis fan Justysje yn Swol nei't it earder in tsjerke yn Dimter brûkt hie foar tydlike útstallingen. Yn 2013 waard it museum útwreide mei "de wolk", in ellipsfoarmige eksposysjeromte op it dak fan it gebou. Dit ûntwerp fan arsjitekt Hubert-Jan Henket is oan de bûtenkant beklaaid mei 55.000 trijediminsjonale wytblau glazuere tegels, produsearre troch Keninklike Tichelaar út Makkum.

De yn 1991 troch keninginne Beatrix iepene byldetún fan 4,5 hektare op it bûten Nijenhuis yn Wijhe is ien fan de gruttere fan Nederlân. Yn de tún binne goed hûndert bylden út de perioade fan de lette 18de iuw ôf te sjen, ôfkomstich út de kolleksjes fan Museum de Fundatie, de provinsje Oerisel en it Museum Beelden aan Zee te Skeveningen. Fan septimber 2004 ôf waard it Bûten Nijenhuis, nei in restauraasje, op fêste iepeningstiden iepensteld foar it publyk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: