Springe nei ynhâld

Museum Somme 1916

Ut Wikipedy
Museum Somme 1916
  museum
Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
plakAlbert
adresRue de la Basilique
Offisjele webside
www.musee-somme-1916.eu
Kaart
Museum Somme 1916 (Frankryk)
Museum Somme 1916

It Museum Somme 1916 is in museum yn 'e Frânske stêd Albert, fuort njonken de Basilyk Notre-Dame de Brebières.

It tema fan it museum is it libben oan it front yn 'e Earste Wrâldkriich en de Slach om 'e Somme, dy't ek by Albert útfochten waard.

Yn 1939 naam de gemeente it beslút om skûlkelders te bouwen. Dêrfan waard yn 1991 in part restaurearre om as museum te tsjinjen. In fyftjintal nissen en in oantal fitrines binne ynrjochte yn in ûndergrûnske gong fan 230 m lang op in djipte fan 10 m. Dy gong wie yn 'e Twadde Wrâldkriich ek in skûlkelder en njonken ynwenners koenen ek de arbeiders fan it fleantúchfabryk Potez yn Méaulte by loftbombardeminten yn 'e kelder skûlje.

Der wurde in grut tal foarstellingen jûn mei libbensgrutte soldaten yn ferskillende sitewaasjes, lykas yn in helppost of in rinfuorge. Yn in grut oantal fitrines wurde autentike objekten mei wapens, unifoarms en oare saken útstald, sawol fan Frânske, Britske en Dútske kant. Ek is in seal wijd oan njoggen persoanen wijd, dy't harren op in bysûndere wize yn 'e oarloch fertsjinstlik makke ha. Oan 'e ein fan 'e tunnel ûnderfine besikers mei in klank- en ljochtspul in nachtlik bombardemint.

De útgong fan it museum leit yn in park fuort njonken it rivierke de Ancre.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Musée Somme 1916 of Albert (Somme) fan Wikimedia Commons.