Springe nei ynhâld

Museum Nienoard

Ut Wikipedy
Museum Nienoard
Museum Nienoord
  museum
Museum Nienoard
Museum Nienoard
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeenteFlagge fan it Westerkertier Westerkertier
plakFlagge fan De Like De Like
adresNienoord
koördinaten53° 10' N 6° 23' E
Algemiene gegevens
typeKultuerhystoarysk
wurkmêdBoarch Nienoard,
Reau
oprjochting1958
Arsjitektuer
type gebouBoarch
boujier16e ieuw
monumint. statusRyksmonumint
monumintnûmer23977
Offisjele webside
museumnienoord.nl
Kaart
Museum Nienoard (Grinslân)
Museum Nienoard
Lokaasje yn Grinslân

Museum Nienoord earder Nasjonaal Reaumuseum is oprjochte yn 1958 en is fêstige op it lânguod Nienoard yn De Like yn Grinslân. Ien fan de grûnlizzers is Freek Bischoff van Heemskerck.

It museum jout in oersjoch fan de skiednis fan it reizjen mei reauwen yn Nederlân yn de foarbye 300 jier. It hat in grutte kolleksje rau, belsliden, tugen, sealen, ark, skilderijen, printen en klean. It museum seit sels in soarte Arke fan Noach wêze te wollen, dêr't fan elk type reau teminsten ien eksimplaar bewarre wurdt.

Mei syn mear as 300 stiks ridend reau hat dit museum de grutste kolleksje reau yn de wrâld. Jierliks ûntfangt it museum, dat yntinsyf gearwurket mei reaumusea yn Lissabon en Wenen, 15.000 oant 25.000 besikers.

In diel fan it museum sit yn it kastiel fan Nienoard. Hjir binne histoaryske foarwerpen samle dy't te krijen hawwe mei de skiednis fan it bûten.

Yn 2007 kaam it reau fan Kastiel de Haar yn it besit fan it museum.[1]

50-jierrich jubileum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de titel "Goud" waard it 50-jierrich bestean fan it museum fierd.

  • De Crème Calèche fan de keninklike famylje wurdt tentoansteld. De calèche waard yn 1898 troch keninginne Emma oan har dochter prinses Wilhelmina jûn. By har ynhuldiging yn Amsterdam ried Wilhelmina yn dizze calèche. Om 2010 is de calèche mei har fergolle byldegroepen restaurearre.

It Nasjonaal Reaumuseum en Boarch Nienoard binne yn 2013 tegearre fierder gien ûnder de hjoeddeistige namme Museum Nienoard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rijtuigen kasteel de Haar naar Nationaal Rijtuigmuseum, Kasteel de Haar, 26 septimber 2007