Springe nei ynhâld

Museum Kaap Skil

Ut Wikipedy
Museum Kaap Skil
  museum
Yngong museum Kaap Skil
Yngong museum Kaap Skil
Lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
GemeenteFlagge fan Teksel Teksel
plakAldskyld
adresTramstraat
koördinaten53° 02' N, 4° 50' E
Algemiene gegevens
typeIepenloftmuseum
oprjochting1981
Offisjele webside
kaapskil.nl
Kaart
Museum Kaap Skil (Teksel)
Museum Kaap Skil
De lokaasje fan it museum op Teksel

Museum Kaap Skil, oant 2012 Maritiem en Jutters Museum, is in maritym museum yn Aldskyld op it waadeilân Teksel.

Museum Kaap Skil is krekt as it Suderseemuseum diels in binnenmuseum en diels iepenloftmuseum. It makket diel út fan de Stifting Teksels Museum, dêr't ek Ecomare, Fjoertoer Eierland en de Aldheidskeamer yn Den Burg ta hearre. It museum rjochtet him op it libben mei de see en it belang fan it eilân yn de santjinde en achttjinde iuw. Yn dy perioade wie Teksel in wichtich knooppunt foar de skipfeart. Foar de kust lei de Reede fan Teksel, fan de fyftjinde oant it begjin fan de njoggentjinde iuw it grutste ankerplak fan de wrâld. It museum hat in grutte kolleksje mei opdûkt objekten út skipswrakken út dy perioade.

De namme 'Museum Kaap Skil' ferwiist nei de skipfeart en de lokaasje fan it museum. In kaap is in beaken foar de skipfeart, in wichtich markearringspunt op it lân. It yntreegebou fan it museum kin mei rjocht in kaap neamd wurde. Skil is de Tekselske namme foar it doarp Aldskyld, it fiskersdoarp dêr't Museum Kaap Skil te finen is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    Iepenloftmusea yn Nederlân
    Fryslân
    De Spitkeet · It Damshûs · 't Fiskershúske
    Nederlân
    Achterhoeksk Iepenloftmuseum · Archeon · Aviodrome · Bourtange · Boerenbondsmuseum · De Locht · De Lebbenbrugge · Eynderhoof · Ellert en Brammert · Het Hoogeland · Kaap Skil · Nederlânsk Iepenloftmuseum · Orientalis · Museum Oud-Oosterhout · Iepenloftmuseum Ootmarsum · Orvelte · preHistorisch Dorp · Suderseemuseum · Saanske Skâns · Feanpark
    · · Berjocht bewurkje