Museum Blokhûspoarte

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Blokhûspoarte (2010)

Museum Blokhûspoarte is sûnt 2008 in museum yn de âlde finzenis fan Ljouwert.

De finzenis is al 500 jier âld. Yn it museum wurdt de tiidline fisualisearre tusken 1500 en 2012. Ald personiel fertelt oer de Bysûndere Straffinzenis en Hûs fan Bewarring. De Bysûndere Straffinzenis wie bedoeld foar manlju, feroardield ta fiif jier of langer. Dizze finzenisstraf waard yn ôfsûndering om mienskip ûndergien. It Hus fan Bewarring joech húsfesting oan previntive detinearden (út alle kategoryën), arrestanten, frjemdlingen en subsidiêr straften.

In soad stikken foar de tentoanstelling komme út it finzenismuseum yn Feanhuzen. Inisjatyfnimmers wienen Willem Helfrich en Sylvia Beers, dy't beide yn de finzenis wurke hawwe.

Der komme ek minsken yn it museum om ferhalen te fertellen oer famyljeleden of harren wurk of ûnderfiningen yn de finzenis. Sa fertelde Gerrit Fokkema yn 2011 oer syn befrijing op 8 desimber 1944 "De Oerfal". Der is in eksposysje oer "de Strafsel" oer isolearjen en straffen yn de finzenis. Der is ek in 3D spul, wêryn dielnimmers ûntsnappe moatte út de "Bunker".

Yn de filmseal is de presintaasje 'Blokhûs oant Blokhûspoarte 500 jier finzenis Ljouwer' te sjen. Hjir wurdt ek omtinken jûn oan Straffen yn de Midsiuwen, en is der filmympresje oer betsjinjen fan strafsel/feilichheidsbêd. Yn 2011 waard ek omtinken jûn oan tsjinstwegerders dy't yn de finzenis bedarren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: