Springe nei ynhâld

Muontsegier

Ut Wikipedy
Muontsegier
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftfalkeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaimuontsegieren (Aegypius)
soarte
Aegypius monachus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     wintergast
     earder briedgebiet
R = weryntroduksje.

De muontsegier of mûntsegier (Aegypius monachus), ek: Euraziatyske swarte gier, is in tige grutte rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Mei in lichemslingte oant 1,2 meter, in wjukspanne fan likernôch 3 meter en in maksimumgewicht fan sa'n 12 kg is it de grutste gier fan 'e Alde Wrâld en it grutste lid fan 'e famylje fan 'e haukfûgels.

De muontsegier spilet in grutte rol yn ferskate ekosystemen troch it iten fan karkassen, wat de fersprieding fan syktes ferminderet. Yn 2015 waard it folsleine genoom fan de fûgel yn kaart brocht. Ut dat ûndersyk die bliken dat de gier genetyske fariaasjes hat dy't gearhingje mei it sykheljen, it ymmúnsysteem en in spesifike maachsoersekreesje om kadavers te fertarjen.

Fûgel yn Spanje.

De muontsegier is 100 oant 110 cm lang mei in wjukspanne fan 250 oant 295 cm. De wyfkes weagje tusken de 7,5 en 12,5 kg en de mantsjes tusken de 7 en 12 kg. De fûgel hat in brúnswart fearrekleed mei in brede kop en in grutte, krêftige snaffel dy't opfalt troch syn donkergrize oant swarte punt en in blaugrize basis. De lange wjukken hawwe opfallend lange "fingers" oan 'e úteinen. De keale hals is blau-rôze mei in brune kraach. Fan in ôfstân sjocht de fûgel der tige donker út.

In jonge gier hat in swart fearrekleed mei in donkere kop. Hoe tichter de fûgel by de geslachtsripens komt, hoe bruner it fearrekleed en de kop wurde.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt foar yn Súd-Europa en Aazje, fan Spanje oant Japan. Yn Spanje libbet er yn it beboske heuvel- en berchlân, wylst er yn Aazje op gruttere hichten foarkomt. De grutste populaasje fan 'e wrâld briedt yn it Nasjonaal Park Monfragüe yn Spanje. Sûnt 2015 briedt de fûgel ek wer yn Portegal, dêr't er fjirtich jier earder útstoarn wie.

De measte muontsegieren libje yn Aazje, mei grutte populaasjes yn Sina en Mongoalje. Yn Sintraal-Aazje, lykas yn Kazachstan, is der lykas in sterke tebekgong waarnommen, benammen troch it ferdwinen fan de Saiga-antilope, harren wichtichste fiedselboarne. Winterdeis lûke guon fûgels nei it suden, oant yn Saûdy-Araabje, Yndia en Súd-Koreä.

Yn Nederlân en Belgje binne mar in pear dokumintearre waarnimmings bekend fan wylde fûgels. De measte waarnimmings (lykas dy yn Flevolân yn 2005 of yn Drinte yn 2019) geane om fûgels út weryntroduksjeprojekten yn Frankryk of Spanje.

De muontsegier is in koloniale soarte, al lizze de nêsten yn sa'n koloany faak tsientallen oant hûnderten meters útinoar. In briedpear brûkt it nêst it hiele jier troch, faak ek as sliepplak. It pearen fynt meastentiids plak op it nêst en duorret tusken de 30 en 60 sekonden.

It bouwen fan it nêst wurdt troch beide âlden dien en kin yn in wike klear wêze. Se brûke koarte tûken en beklaaie it nêst mei hier, wol, resten fan braakballen en plantemateriaal. Nêsten wurde jierren efterinoar op 'e nij brûkt. It wyfke leit fan begjin febrewaris oant ein april hast altiten ien aai. De briedtiid duorret 50 oant 62 dagen en it jong bliuwt 95 oant 110 dagen op it nêst. In muontsegier briedt foar it earst as er fiif of seis jier âld is. Yn finzenskip kin de fûgel wol 39 jier âld wurde.

Muontsegier mei in kadaver.

It iten bestiet út sawol farske as ferrotsjende kadavers, dy't mei hûd en hier slynd wurde. Ek de bonken kinne iten wurde. Dêrnjonken wurde libbene dieren, lykas kninen en oare lytse kjifdieren, as proai pakt. De fûgel makket ek braakballen.

De fûgel makket net in soad lûd. It meast karakteristike lûd is in hege tsjirp dy't de pyk makket as er om iten freget. Fan folwoeksen fûgels binne benammen yn it briedseizoen wat fluitsjende, miaukjende en snuvende lûden beskreaun.

Yn Europa is de populaasje sûnt de jierren 1990 wer oan it groeien, benammen yn Spanje, dêr't de grutste populaasje fan Europa libbet (mear as 1.500 pear). Ek yn Frankryk, Grikelân, Syprus en Portugal nimme de oantallen nei weryntroduksjeprogramma's wer ta. Yn lannen as Ruslân, Turkije en de Oekraine binne de oantallen lykwols stabyl of rinne se sels wat tebek.

Yn Aazje wurdt de fûgel bedrige troch fergiftige kadavers en ferlies fan leefgebiet. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 8.400-11.400 pearen en de oantallen rinne noch altyd tebek. Dêrom stiet de muontsegier as hast bedrige op 'e Reade List fan de IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: