Muntjesylster Ryd

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Muntjesylster Ryd is in âlde slinke en kanaal dy't rint fan Muntsjesyl, Lauwerssyl bylâns nei de Fryske slûs by Sâltkamp.

De ryd is de eardere útrin fan de Lauwers. It earste stik is ek de grins fan Fryslân en Grinslân is, mar it stik fan Lauwersyl ôf leit hielendal yn Grinslân. It kanaal oant it Ryddjip is groeven yn 1754. Om't der doe swierrichheden wiene mei it ôfwetterjen oan de eastkant fan it Ryddjip is der in daam yn lein en is in kanaal parallel oan it Ryddjip groeven oan de Fryske Slûs ta. In pear hûndert meter foarby de Fryske slûs komme de twa streamen yn de Lauwersmar by elkoar.

De monumintale spilslûs fan Muntsjesyl mei de Nije Fryske Brêge leit yn it yn 1881 groeven streamkanaal De Skâns. It streamkanaal en de slûs waarden troch de provinsje Fryslân lein as ferbettering fan de wetterôffier. Bewesten De Skâns leit de âlde slûs út 1741 (ferfanger fan de slûs fan 1476).

Munnikezijlsterriet1.JPG
Grutter ôfbyld
Munnikezijlsterriet2.JPG
Grutter ôfbyld
Munnikezijlsterriet3.JPG
Grutter ôfbyld
Muntsjesyl.JPG
Grutter ôfbyld