Springe nei ynhâld

Doarpshûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Multyfunksjoneel sintrum)

In doarpshûs, ek wol mienskipshûs of nijmoadrich multyfunksjoneel sintrum neamd, is in iepenbier gebou fan ien of mear doarpen. Fakentiids is de gemeente eigener of in stifting. De foarsjennings, funksje en grutte binne net oeral lyk. It is in moetingsplak foar jongerein en âlderein. In soad ferienings en klubs brûke it doarpshûs foar harren aktiviteiten, feesten en gearkomsten. Faak is der in romte om mei-inoar wat te drinken en/of iten.

Der binne bytiden ek oare foarsjennings yn it doarpshûs lykas in berneopfang. Yn ferkiezingstiid kin it brûkt wurde as stimlokaal.

It earste doarpshûs fan Fryslân waard oprjochte yn 1926 en stie yn Arum. Dêrfoar waarden kafees en tsjerklike romten brûkt foar mienskiplike aktiviteiten. Yn de regel sitte hjir dan ek de feriening foar Doarpsbelang. Trochdat de tsjerken leechrûnen kaam der mear ferlet fan romtes om inoar te treffen. Nei de Twadde Wrâldoarloch naam it tal doarpshuzen dan ek hurd ta.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]