Springe nei ynhâld

Motion capture

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Motion-capture)
In koarte fideo wêryn't de rouwe data fan motion capture oer de eigentlike bylden hinne pleatst binne.

Motion capture (útspr.: [ˈmoʊʃən ˈkæpʧəɹ], likernôch: "moo-sjun kep-tjur"; Ingelsk foar, letterlik oerset, "bewegingsfangst" of, frijer oerset, "bewegingsopnamen"), soms ôfkoarte ta mo-cap of mocap, is it opnimmen fan 'e bewegings fan minsken, bisten of foarwerpen, wêrby't gebrûk makke wurde fan beskate techniken. Motion capture wurdt brûkt foar militêre doelen en ferskate foarmen fan fermaak, yn 'e sportwrâld, foar medyske tapassings en foar de ûntwikkeling fan bgl. robots.

By it meitsjen fan films en fideospultsjes ferwiist dizze term nei it opnimmen fan 'e aksjes fan minsklike akteurs mei as doel dy ynformaasje te brûken om modellen fan digitale personaazjes te animearjen yn 2D of 3D. As sokke opnamen ek lytse bewegings fan 'e fingers en subtile gesichtsútdrukkings omfetsje, sprekt men fan performance capture. Op in protte wurkmêden wurdt motion capture soms motion tracking neamd, mar by it meitsjen fan films en fideospultsjes wurdt mei motion tracking ornaris wat oars bedoeld, nammentlik match moving (sjoch fierderop).

By motion-capturesesjes foar films en fideospultsjes wurde de bewegings fan ien of mear akteurs withoefaak per sekonde registrearre. Faak is it by sokke opnamen inkeld en allinne de bedoeling om 'e bewegings fan 'e akteurs fêst te lizzen, en net hoe't se der útsjogge. Sokke animaasjedata wurde oer in 3D-model hinne lein, sadat it model deselde bewegings makket as de akteur.

Kamerabewegings kinne ek ûnderwerp fan motion capture wêze, sadat in firtuele kamera yn 'e sêne ynzoome, útzoome, skean sakje, rûndraaie of fan posysje feroarje kin al nei't de kameraman wol, wylst de akteur foar de kamera de op te nimmen bewegings makket. It motion-capturesysteem kin dêrby tagelyk de bewegings fan akteur en dy fan 'e kamera registrearje. Dêrtroch kinne kompjûteranimearre personaazjes, bylden en sets itselde perspektyf hawwe as de fideobylden fan 'e kamera. In kompjûter ferwurket de data en lit de bewegings fan 'e akteur sjen, en leveret tagelyk de winske kameraposysjes en -bewegings. It mei weromwurkjende krêft tafoegjen fan kamerabewegings oan 'e motion-capturebylden kin ek; dat wurdt match moving of camera tracking neamd.

De alderierste, noch tige primitive motion-capturetechniken waarden foar it earst tapast yn 1993. Ferskate films út 'e 1990-er jierren omfetsje in bytsje motion capture by wize fan special effects (bgl. Batman Forever út 1995). Mar motion-capture yn 'e moderne betsjutting fan in animearre personaazje yn in live-actionfilm waard foar it earst tapast yn 'e science fictionfilm Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, fan George Lucas út 1999. It earste folslein mei motion-capturetechniken produsearre personaazje ea wie nammentlik Jar Jar Binks (út dy film), spile troch Ahmed Best.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.