Springe nei ynhâld

Moskwevers

Ut Wikipedy
Moskwevers
wytbraumoskwever
wytbraumoskwever
Taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje:moskfûgels (Passeroidea)
famylje:weverfûgels (Ploceidae)
skaaimoskwevers (Plocepasser)
Smith, 1836

De moskwevers (Plocepasser) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

Moskwevers binne middelgrutte Afrikaanske fûgels en wurde tusken de 15 en 20 cm lang. Se ha gjin opfallende kleuren lykas de wevers yn it skaai Ploceus en de fearren binne fral brún oant readbrún mei in karakteristike tekening op it gesicht. Se ha in koarte, krêftige snaffel om sied mei te iten.

Se komme yn drûge, iepen gebieten foar lykas savannes, by boskrânen en de semy-aride kriten fan eastlik en súdlik Afrika. Se libje meast op 'e grûn of yn ûndergroei. Moskwevers binne sosjale fûgels en foarmje faak groepen of koloanjes.

De typesoarte fan it skaai is de wytbraumoskwever (Plocepasser mahali).

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus/Trend
Plocepasser donaldsonikastanjekopmoskweverEtioopje, Kenia, Somaaljehast bedrige
stabyl[1]
Plocepasser mahaliwytbraumoskwevernoardlik Súd-Afrika, Botswana, noardlik en sintraal Namybje, westlik Simbabwenet bedrige
stabyl[2]
Plocepasser rufoscapulatusbrúnrêchmoskweverAngoala, Kongo-Kinsjasa, Malawy en Sambianet bedrige
stabyl[3]
Plocepasser superciliosusbrúnkopmoskweverBenyn, Boerkina Faso, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Kongo-Kinsjasa, Ivoarkust, Eritreä, Etioopje, Gambia, Gana, Guinee, Guinee-Bissau, Kenia, Maly, Niger, Nigearia, Senegal, Súd-Sûdan, Sûdan, Togo, Uganda.net bedrige
stabyl[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: