Moskdoke
| moskdoke | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columbina passerina | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It moskdoke (Columbina passerina) is in fûgelsoarte yn it skaai lytse grûndowen (Columbina) út de famylje dowen (Columbidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It moskdoke is wat gewicht oanbelanget ien fan 'e lytste dokes fan 'e wrâld. De soarte wurdt 15 oant 18 sm lang, hat in spanwiidte fan 27 sm en weaget 26 oant 40 gram. De snaffel is giel en swart nei de ein. De fearren om 'e snaffel binne rôze en ha op 'e kop en it boppeboarst in skobbich patroan, itjinge de soarte ûnderskiedt fan it dwerchgrûndoke. De rest fan 'e fûgel is griis oant griisbrún. De sturt is tige koart. De wjukken binne rôzich mei donkere plakken, wylst de slachpinnen kastanjebrûn binne en donkere einen ha. De dekfearren ûnder de sturt binne griisbrún. It ferskil tusken mantsjes en wyfkes is lyts, wyfkes binne yn 'e regel wat doffer en ha gjin rôze glâns op 'e fearren dêr't it mantsje dy wol hat.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit tusken it suden fan 'e Feriene Steaten oant it súdeasten fan Brazylje. Yn Kanada is it moskdoke in dwaalgast.
Der wurde 18 ûndersoarten erkend:
- Columbina passerina passerina: komt foar yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten.
- Columbina passerina pallescens: fan it súdeasten fan 'e Feriene Steaten oant Gûatemala en Belize.
- Columbina passerina socorroensis: Socorro (tichteby it westen fan Meksiko).
- Columbina passerina neglecta: fan Hondoeras oant Panama.
- Columbina passerina bahamensis: op 'e Bahama's en op Bermuda.
- Columbina passerina: Great Inagua (súdlike Bahama's) en Mona (Porto Riko).
- Columbina passerina insularis: Kuba, Hispanjoala en de Kaaimaneilannen.
- Columbina passerina jamaicensis: Jamaika.
- Columbina passerina navassae: Navassa (by it súdwesten fan Hispanjoala).
- Columbina passerina portoricensis: Porto Riko (útsein Mona), de Famme-eilannen (útsein Saint Croix).
- Columbina passerina nigrirostris: Saint Croix en de noardelike Lytse Antillen.
- Columbina passerina trochila: Martinyk (Lytse Antillen).
- Columbina passerina antillarum: de súdlike Lytse Antillen.
- Columbina passerina albivitta: noardlik Kolombia, noardlik Fenezuëla, de Nederlânske Antillen en Trinidad.
- Columbina passerina parvula: sintraal Kolombia.
- Columbina passerina nana: westlik Kolombia.
- Columbina passerina guitensis: sintraal Ekwador.
- Columbina passerina griseola: fan súdlik Fenezuëla oant de Guyana's en eastlik Brazylje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De briedtiid fan 'e soarte hinget ôf fan it gebiet dêr't er foarkomt en it hinget ek wol wat ôf fan it oanbod fan iten. Yn it suden fan 'e Feriene Steaten briedt de fûgel fan febrewaris oant novimber. It nêst wurdt op 'e grûn of yn 'e ûndergroei fan strûken boud. In lechsel bestiet yn 'e regel út twa wite aaikes en oars as wenst foar dowen somtiden trije aaikes. It brieden duorret 13 oant 14 dagen en de jonge fugels fleane nei alve oant tolve dagen út. It mantsje helpt it wyfke by it brieden en it fuorjen fan 'e jonge fûgels.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN beöardielet de soarte as net bedrige (LC, 2020). Neffens in rûge rûzing fan 2016 soe de populaasje út likernôch 11 miljoen fûgels bestean. Earder hat der in foarse tebekgong fan 'e soarte west yn 'e Feriene Steaten, mar de sitewaasje is dêr sûnt healwei 1980 stabyl.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lytse grûndo
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
