Springe nei ynhâld

Morning Glory (film út 2010)

Ut Wikipedy
Morning Glory
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurRoger Michell
produsintJ.J. Abrams
Bryan Burk
senarioAline Brosh McKenna
kamerarezjyAlwin H. Küchler
muzykDavid Arnold
filmstudioBad Robot Productions
Paramount Pictures
distribúsjeParamount Pictures
spilers
haadrollenRachel McAdams
Harrison Ford
byrollenDiane Keaton
Patrick Wilson
John Pankow
Jeff Goldblum
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre10 novimber 2010
foarmlangspylfilm
sjenrekomeedzjefilm
taalIngelsk
spyltiid107 minuten
budget en resultaten
budget$40 miljoen
opbringst$60,0 miljoen

Morning Glory is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2010 ûnder rezjy fan Roger Michell, mei yn 'e haadrollen Rachel McAdams en Harrison Ford. De titel betsjut letterlik "moarnsgloarje", wat yn it Ingelsk in beneaming is foar ferskate bekende blommen. Yn dit gefal slacht it op it wurkjen op 'e iere moarn. It ferhaal folget Becky Fuller, in jonge en ambisjeuze tillefyzjeprodusinte, dy't in langjierrich en yn it neigean rekke moarnstillefyzjeprogramma wer nij libben ynblaze moat. Se besiket dat te dwaan troch de eardere nijslêzer en topferslachjouwer Mike Pomeroy oan te lûken, by wa't se heech opsjocht. Dyselde blykt lykwols in ûnútsteanbere snob te wêzen, dy't fynt dat moarnstillefyzje fier ûnder syn stân is, en inkeld tajout om't er dêr kontraktueel ta ferplichte is. Morning Glory krige mear positive as negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen mar in beskieden kommersjeel súkses.

Becky Fuller is in jonge frou dy't der al fan bern ôf oan fan dreamt om produsinte fan in súksesfol Amerikaansk nijsprogramma te wurden, lykas Today fan NBC. Har tawijing oan har beropsmjittige ambysjes steane lykwols in gelokkich leafdeslibben yn 't paad, mei't de frijers fan Becky ôfheakje sadree't se foar it ferstân krije dat se foar har altyd op it twadde plak komme sille nei har wurk. Wannear't se ûntslein wurdt by it regionale nijsprogramma Good Morning New Jersey, stiet har mem der by har op oan om har dream op te jaan foar't it sjenant wurdt. Becky set lykwols troch en wurdt opskille troch Jerry Barnes, ien fan 'e bazen by it tillefyzjenetwurk IBS. Dat netwurk siket in nije produsint foar it al desennia lang útstjoerde moarnsnijsprogramma DayBreak, dat te lijen hat ûnder lege sjochsifers. Becky nimt de útnûging om del te kommen foar in petear fuortendaliks oan.

Nei in frijwat ûntmoedigjend sollisitaasjepetear mei Barnes, dy't DayBreak blykber as in bysaak beskôget en yn it ferlingde dêrfan Becky as de mooglike produsinte fan dat programma ek, wurdt Becky ûnderweis nei de útgong yn 'e lift op ûnfatsoenlike wize ôfpoeiere troch ien fan har helden, ferslachjouwer en nijslêzer Mike Pomeroy. Nei't it skynt tsjin better witten yn wurdt Becky troch Barnes dochs oannommen, dat se ferhuzet út Nij-Jersey wei nei New York ta.

Op har earste wurkdei by IBS kriget Becky foar it ferstân dat se de ferantwurdlikens op har nommen hat foar in tillefyzjeprogramma yn ûnstjoer, dat koers noch jild hat. Ek blykt se de fjirtjinde produsint yn alve jier te wêzen. Se komt yn 'e kunde mei de beide fêste presintators fan DayBreak: Colleen Peck en Paul McVee. Colleen is in bittere âldere frou mei in lange karriêre en in protte ûnderfining. McVee is in gleie, arrogante fiispeuk, dy't it op 'e froulike stazjêres foarsjoen hat. Becky ûntslacht McVee noch dyselde deis, ta blydskip fan alle oare meiwurkers fan DayBreak. Om him te ferfangen en Colleen har nije ko-presintator te wurden set Becky har sinnen op Mike Pomeroy.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Barnes foarseit fuortendaliks al dat dyselde gjin belangstelling foar dizze baan hawwe sil, mar Becky wit it kontrakt fan Pomeroy te bemachtigjen en pluzet it hielendal út. It docht bliken dat Pomeroy it foarinoar krigen hat om, doe't syn programma fan 'e tillefyzje helle waard, trochbetelle te wurden sûnder dat er dêrfoar hoecht te wurkjen. Becky ûntdekt lykwols in klausule wêryn't stiet dat IBS Pomeroy gjin salaris mear hoecht te beteljen as er in ferlykbere baan wegeret. Om't dat him $6 miljoen kostje kin, moat Pomeroy wol ynbine en slagget it Becky om him te twingen by DayBreak oan it wurk te gean.

Underwilens moetet Becky Adam Bennett, in oare tillefyzjeprodusint by IBS, dy't yn it ferline gearwurke mei Pomeroy. Dat wie gjin súkses, om't Pomeroy in ferfelende snob is dy't oeral wol wat op oan te merken hat, dat Bennett wie earlik sein bliid om fan him ôf te wêzen. It klikt lykwols tusken Bennett en Becky, dat se geane op ferskate ôfspraakjes. Oars as Becky har eardere frijers stipet Bennett har tawijing oan har wurk.

Wannear't Pomeroy by DayBreak yntrodusearre wurdt, lit er oerdúdlik blike dat er de baan dêre inkeld mei uterste tsjinnichheid en ûnder protest oannommen hat. Hy fielt himsels fierstente goed foar moarnstillefyzje, dat er as it ôffierputsje fan 'e tillefyzjeyndustry sjocht. Hy siket fuortendaliks rûzje mei Colleen en besiket syn debút as presintator te sabotearjen troch dronken yn 'e studio te ferskinen. Noch minder is dat immen him yn 'e 1980-er jierren kontraktueel it rjocht jûn hat om it ferslaan en presintearjen fan nijsûnderwerpen te wegerjen as er fynt dat dy net by syn imago passe. Dat betsjut dat alle 'sêfte nijsûnderwerpen' foar Colleen binne, dy't dêr ek net op sit te wachtsjen. Ek wegeret Pomeroy beskate wurden te brûken dy't him om 'e iene of oare reden tsjinsteane, lykas fluffy ("luchtich"). De spannings yn 'e studio rinne op in stuit sa heech op dat Colleen en Pomeroy live op 'e tillefyzje oan it bekfjochtsjen reitsje.

Mei de sjochsifers is it ûnderwilens sa yn it neigean rekke dat Barnes oant Becky meidielt dat IBS fan doel is om DayBreak oer seis wiken stop te setten. Becky freget him om dat foareast noch stil te hâlden, want as it bekend wurdt by de meiwurkers fan it programma sil der yn elts gefal gjin rêden mear oan wêze. Op dizze manear kriget sy noch de kâns om te besykjen en help DayBreak wer by de wâl op te klauwen. Nei't Pomeroy har wer ris it bloed ûnder de neilen weihelle hat, beslút Becky dat se neat mear te ferliezen hat en set se yn op in radikaal oare, sensasjonalistyske oanpak. Sa lit se waarman Ernie Appleby tenei syn segmint op lokaasje presintearje, dêr't se him alderhanne ûnwierskynlike stunts útfiere lit, lykas in rit yn in nije achtbaan of skydiven út in fleantúch.

Ferrassend genôch stipet Colleen de nije oanpak folslein en stelt foar om harsels ek sokke dingen dwaan te litten, wylst Pomeroy it gehiel skodholjend oansjocht. Becky hâldt problemen om Pomeroy syn wurk dwaan te litten. Ien tinkwurdige nacht, wannear't er wer yn 'e oalje is, bringt se sels troch op 'e bank yn syn appartemint om derfoar te soargjen dat er de oare moarns op 'e tiid op it wurk wêze sil. Dy moarns siedt Pomeroy in frittata foar har beiden, hoewol't Becky te hastich is om dêrfan te iten en him tabyt dat syn epikuristyske brea-iten har neat skele kin. Troch alle spektakulêre ûnsin begjinne de sjochsifers fan DayBreak wat omheech te gean, mar net genôch foar Barnes om it programma útstel fan eksekúsje te jaan. Underwilens begjint Bennett him sa stadichoan dochs te ergerjen oan it feit dat Becky, sels yn wat har frije tiid hjit te wêzen, inkeld oandacht hat foar har wurk en net foar him. Ien en oar liedt ta in brek yn harren relaasje.

Mei de ein fan it programma yn sicht (hoewol't inkeld Becky dêr weet fan hat), draacht Pomeroy foar it alderearst in ûnderwerp oan dat hy ferslaan wol, oer in soerkoalfestival yn it noarden fan 'e steat New York. Becky beselskippet him mei in kameraploech dêrhinne, mar se kriget al rillegau yn 'e gaten dat Pomeroy har bedondere hat. Se geane hielendal net nei it soerkoalfestival, mar bedarje by it bûten fan 'e gûverneur fan New York. Becky springt suver út har fel fan argewaasje, mar Pomeroy hjit har ôf te wachtsjen. Hy skillet oan en konfrontearret de gûverneur foar de kamera mei beskuldigings fan organisearre ôfparsing dy't tsjin him ynbrocht binne (mar oant no ta noch net útlekt binne nei de media). Wylst de gûverneur alles by heech en by leech ûntkent, arrivearret de plysje om him te arrestearjen en yn hânboeiens ôf te fieren.

Nei't alle trelit wat saksearre is, geane Pomeroy en Becky op in túnbankje sitten te bekommen. Foar it earst lit Pomeroy wat fan himsels blike as er Becky warskôget om net mei har wurk te trouwen ta útsluting fan har priveelibben. Hy fertelt har dat hy op har leeftyd krekt itselde wie. Hy hie wol in frou en twa bern, mar wie nea thús. Syn houlik einige lang om let yn in skieding en syn fan him ferfrjemde bern wolle gjin kontakt mear mei him hawwe. Hy hat in pakesizzer fan trije jier dy't er noch nea sjoen hat. Hy seit tsjin Becky: "Ast sa trochgietst, stietst úteinlik alhiel mei lege hannen."

De scoop dy't DayBreak behelle hat mei de live útstjoerde arrestaasje fan 'e gûverneur soarget foar in strukturele ferbettering fan 'e sjochsifers. Barnes is ûnder de yndruk en fertelt Becky dat de studiobazen it programma foar in jier ferlinge hawwe. Fierders rekket it wer oan tusken har Bennett, en ek wurdt Becky útnûge foar in sollisitaasjepetear by NBC foar in faktatuere by Today. Becky is de wrâld te ryk mei de ferlinging fan DayBreak en wol dêr no net wei, mei't se it gefoel hat dat se it spul no einlings op 'e rails hat. Se ferwachtet dat fan no ôf oan alles foar de wyn gean sil, nammenste mear om't se har petear mei Pomeroy as in trochbraak yn harren relaasje beskôget. It docht lykwols bliken dat, hoewol't Pomeroy Becky as priveepersoan wol lije mei, hy net fynt dat soks ynfloed op harren wurk hat. Hy giet dêrom troch mei syn dwersbongelige hâlden en dragen.

Ta wanhoop dreaun troch in nije konfrontaasje mei Pomeroy beslút Becky de útnûging foar it sollisitaasjepetear by NBC oan te nimmen. Se hat in moeting mei de sollisitaasjekommisje yn in romte dêr't ferskate tillefyzjes oan steane mei it lûd út, ôfstimd op 'e nijsprogramma's fan 'e konkurrinten. Sa kin Becky ûnderwilens mei in heal each de útstjoering fan DayBreak yn it each hâlde.

Underwilens wurdt Pomeroy yn 'e studio fan IBS de mantel útfeegd troch Colleen Peck, dy't him der de skuld fan jout dat de bêste produsint dy't se ea hân hawwe in oare baan siket. Pomeroy, dy't neat fan it sollisitaasjepetear ôfwist, skrikt him dea en beslút dat der ferlet is fan drastyske maatregels. Wylst er de presintaasje fan it folgjende segmint oan Colleen oerlit, stoarmet er nei de koken om yngrediïnten gear te fandeljen. Hy komt werom om in itensiederssegmint te presintearjen, wêrby't er de sjoggers leart hoe't se in frittata meitsje moatte. Op har sollisitaasjepetear sjocht Becky yn shock ta hoe't Pomeroy folslein út syn rol falt en dingen docht dy't er oant no ta stiiffêst wegere hat. Se freget oft it lûd oan mei en heart Pomeroy dan, as ûnderdiel fan syn rinnend kommentaar, sizzen dat er thús sels ek wolris in frittata makket, mar allinnich foar minsken om wa't er echt jout. Ek fertelt er de sjoggers dat se it sus-en-sa hawwe moatte om 'e frittata fluffy te meitsjen.

Becky kriget in tillefoantsje fan Adam Bennett, dy't har freget oft se sjocht wat der bart. Wannear't se befêstigjend antwurdet, seit Bennett tsjin har: "Hy freget it dy net twa kear, hear." Becky ferlit halje-trawalje har sollisitaasjepetear en draaft it hiele ein nei de IBS-studio's folút op hege hakken. Se arrivearret krekt op 'e tiid om tsjûge te wêzen fan 'e ein fan Pomeroy syn itensiederssegmint. Wannear't er har hymjend de studio binnenkommen sjocht, kundiget Pomeroy oan dat er de sjoggers takom wike sjen litte sil hoe't se donuts meisje moatte. Fan dat punt ôf giet it echt better yn 'e studio's fan DayBreak. Becky hoecht net hieltyd mear te hâlden en te kearen, mar kin jûns har mobile tillefoan yn 'e kuolkast lizze, sadat se oan har relaasje mei Bennett wurkje kin. En Mike Pomeroy ferdwynt yn syn klaaikeamer mei in dame fan wa't de holle bûten byld bliuwt, mar wa har mantelpakje in fertocht protte op it mantelpakje fan Colleen Peck liket.

Rachel MacAdams.
Harrison Ford.
Diane Keaton.
haadrollen
personaazje           akteur/aktrise
Becky Fuller Rachel McAdams
Mike Pomeroy Harrison Ford


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Colleen Peck Diane Keaton
Adam Bennett Patrick Wilson
Lenny Bergman John Pankow
Jerry Barnes Jeff Goldblum
Ernie Appleby Matt Malloy
Paul McVee Ty Burrell
Lisa Bartlett J. Elaine Marcos
Becky har mem Patti D'Arbanville
IBS-befeiligingsman Adrian Martinez
himsels 50 Cent
himsels Lloyd Banks
himsels Tony Yayo

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Morning Glory waard regissearre troch Roger Michell nei in senario fan Aline Brosh McKenna. As produsinten wiene J.J. Abrams en Bryan Burk by it projekt belutsen foar de filmstudio's Bad Robot Productions en Paramount Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alwin H. Küchler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Arnold.

It W.R. Grace Builing, dêr't yn 'e film de tillefyzjestudio's fan IBS fêstige binne.

De opnamen foar Morning Glory setten op 28 maaie 2009 útein en duorren oant 10 augustus fan dat jier. De film waard foar in grut diel opnommen op lokaasje yn New York, hoewol't de sênes yn 'e tillefyzjestudio fan IBS fansels yn in studioset filme waarden. Filmlokaasjes wiene û.o.: it W.R. Grace Building, dat trochgie foar it eksterieur fan 'e IBS-studio's; it NBC Building yn it Rockefeller Center, dêr't Becky oan 'e ein fan 'e film op sollisitaasje giet; Central Park, dêr't Becky ferskate kearen in joggende Barnes besiket by te hâlden om foar DayBreak te pleitsjen; de keunstiisbaan yn it Rockefeller Center; en it Metropolitan Museum of Art.

De distribúsje fan Morning Glory waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 10 novimber 2010 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Der waard fan Morning Glory gjin soundtrackalbum útbrocht. As titelsong waard it liet Strip Me fan Natasha Bedingfield brûkt.

It NBC Building, dêr't Becky Fuller yn Morning Glory op sollisitaasjepetear giet.

Fan 'e filmkritisy krige Morning Glory mear positive as negative resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau "[De film] is fan himsels al grappich en fermaaklik, mar Rachel McAdams tilt him nei in heger nivo. En Harrison Ford tilt himsels nei in heger nivo." De ûnôfhinklike resinsint James Berardinelli skreau: "Nettsjinsteande de konvinsjonele ûntknoping leveret Morning Glory genôch fermaak, goede wil en mominten dat der oprjocht lake wurde kin om it dreech te meitsjen om net fan 'e film te hâlden." Neffens Berardinelli paste Morning Glory yn in útstjerrende kategory: "de âlderwetske, net al te ûnfoege, op personaazjes basearre komeedzje." Hy skreau ek: "[De film] is net baanbrekkend of ferbjusterjend om syn humor, mar nei alle gedachten sille jo de bioskoop glimkjend ferlitte, en dat is perfoarst in oanrikkemandearring wurdich."

It Metropolitan Museum of Art wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Morning Glory.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Morning Glory in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 178 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] wurdt droegen troch aktearprestaasjes sûnder lek of brek fan syn neat op oan te merken cast, en hy is gauris sjarmant, mar Morning Glory is ek ynkonsekwint en ôflaat fan oare films." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Morning Glory in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 38 resinsjes.

Morning Glory brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $31,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $29,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $60,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $20,0 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.