Morgan Earp
| Morgan Earp | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Morgan Seth Earp | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 24 april 1851 | |
| berteplak | Pella (Iowa) | |
| stoarn | 18 maart 1882 | |
| stjerplak | Tombstone (Arizona) | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | plysjeman | |
| jierren aktyf | 1875 – 1882 | |
| reden bekendheid | ● broer fan Wyatt Earp ● Sjitpartij by de O.K.-Kraal | |
Morgan Earp (folút: Morgan Seth Earp; Pella (Iowa), 24 april 1851 – Tombstone (Arizona), 18 maart 1882) wie in Amerikaansk plysjeman yn 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy hat benammen bekendheid krigen as de jongere broer fan 'e ferneamde marshal Wyatt Earp en as dielnimmer (mei syn broer) oan 'e romrofte Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn oktober 1881. Dêrby deaden hy, syn bruorren Wyatt en Virgil en de gokker Doc Holliday trije banditen dy't leden fan 'e binde The Cowboys wiene, en jagen twa oaren op 'e flecht. Fiif moannen letter waard Morgan Earp by in rjochte moardoanslach troch The Cowboys deade.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morgan Earp waard yn 1851 berne yn Pella yn 'e Amerikaanske steat Iowa, as de soan fan 'e boer en kûper Nicholas Porter Earp (1813–1907) en dy syn twadde frou Virginia Ann Cooksey (1821–1893). Hy wie fan mingd Ingelsk en Ulstersk (protestantsk Noardiersk) etnysk komôf. Morgan Earp hie sân folle bruorren en susters: James (1841–1926), Virgil (1843–1905), Martha (1845–1856), Wyatt (1848–1929), Warren (1855–1900), Virginia (1858–1861) en Adelia (1861–1941). Hy hie út it earste houlik fan syn heit ek in âldere healbroer, Newton (1837–1928).
Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861–1865) namen Newton, James en Virgil Earp tsjinst yn it Noardlike Leger fan 'e Uny, om te fjochtsjen tsjin 'e Súdlike Konfederaasje. Morgan wie dêr lykwols te jong foar, dat hy en syn broer Wyatt bleaune op it boerespultsje fan har âlden, dêr't se helpe moasten yn 'e buorkerij. Fan al syn bruorren en susters hie Morgan de nauste bân mei James, mei wa't er in hing nei aventoer en in ôfkear fan buorkjen dielde. Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch folge er sadwaande as opslûpen jonge James nei Montana. Dêr holden de beide bruorren inkele jierren ta, foar't Morgan Earp úteinlik wer weromkearde nei syn âlden. Dy wiene tsjin dy tiid ferfearn nei Wichita, yn Kansas.
Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1875 gie Earp nei it feestedsje Dodge City (Kansas), dêr't er in skoft helpmarshal wie ûnder marshal Charlie Bassett. Dat wie foar't syn broer Wyatt dy funksje letter oernaam. Earne nei 1871 mette Earp en troude er mei in Louisa Alice "Lou" Houston (1855–1894), de dochter fan H. Samuel Houston en Elizabeth Waughtal. Der is net folle oer har bekend, útsein dat se lyts fan stal wie en oan rimmetyk litte. De trouwerij moat foàr 1877 plakfûn hawwe, mei't Earp syn frou doe meinaam nei Montana.

Yn Montana setten Earp en de frou har earst nei wenjen yn Miles City. Yn july 1878 wie Earp ien fan in stikmannich goudsikers dy't yllegaal it Swartfoet Yndianereservaat ynkrongen om oan 'e igge fan 'e rivier de Tongue nei goud te dollen. Generaal John Gibbon moast der mei de kavalery efteroan om foar te kommen dat de ynkringers troch de Swartfuotten ôfslachte wurde soene. Yn desimber 1879 waard Earp as plysje oansteld yn it mynboustedsje Butte (Montana), in posysje dy't er mar in fearnsjier behold, oant 10 maart 1880. Dêrnei brocht Earp syn frou nei Temescal, yn Kalifornje, dêr't waarmwetterboarnen wiene dy't in hieljende wurking hiene.
Tombstone
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sels gie Morgan Earp mids july 1880 nei Arizona. Dêr wiene syn bruorren Virgil, Wyatt en James yn it stedsje Tombstone delstrutsen, dat doedestiden krekt in boom trochmakke om't der sulver fûn wie. Earp en syn broer Wyatt wurken yn Arizona as postriders foar Wells Fargo & Co., as helpsheriffs fan Pima County en as helpmarshals fan Tombstone ûnder harren broer Virgil, dy't dêr marshal wie. Lou kaam op in stuit ek oer nei Tombstone om har by har man te jaan.
Yn Tombstone rekken de Earps omreden fan har plysjewurk deilis mei in binde dieven en oerfallers dy't The Cowboys neamd waard. De spannings rûnen stadichoan fierder op oant se op woansdei 26 oktober 1881 ta útbarsting kamen yn 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal, ien fan 'e bekendste wapene konfrontaasjes út 'e skiednis fan it Wylde Westen. Op dat stuit wie der yn Tombstone in troch de gemeenteried ynstelde feroardering fan krêft dy't eltsenien ferplichte om nei oankomst yn it stedsje syn fjoerwapens yn te leverjen. Dat wie krekt bedoeld om wapene konfrontaasjes foar te kommen. Dy deis kamen der in stikmannich leden fan The Cowboys yn 'e stêd oan dy't wegeren har oan 'e feroardering te hâlden. As marshal wie it de taak fan Virgil Earp om harren dêrop oan te sprekken.

De Cowboys wiene de bruorren Frank en Tom McLaury, de bruorren Ike en Billy Clanton en Billy Claiborne. Se holden har op by in feekraal mei de namme O.K.-Kraal. Middeis om 15.00 oere hinne sette Virgil Earp dêrhinne. Morgan Earp, dy't op dat stuit offisjeel helpmarshal wie, gie mei, en de beide bruorren krigen fersterking fan Wyatt en dy syn maat, de gokker Doc Holliday, dy't troch Virgil hastich as tydlike helpmarshals ynsward waarden. By de feekraal oankommen, hiet Virgil de fiif Cowboys dat se harren wapens opjaan moasten. Ynstee briek der in fjoergefjocht út. Ike Clanton en Billy Claiborne naaiden út, mar Frank McLaury, Tom McLaury en Billy Clanton waarden deasketten. Morgan rûn in skampskot oer de skouderblêden en de wringe op, Virgil waard troch it kût sketten en Doc Holliday krige in skampskot. Wyatt Earp wie de iennichste dy't alhiel ûnskansearre út it gefjocht kaam.
Om't se wol foar it ferstân hiene dat de Cowboys de saak net gewurde litte soene, brochten de Earps harren húshâldings neitiid gear yn it Cosmopolitan Hotel, sadat se stipe oaninoar hiene. Op 28 desimber 1881, jûns om likernôch 23.30 oere, waard Virgil Earp, by it oerstekken fan 'e strjitte nei it Cosmopolitan Hotel, boppe út in gebou wei fan efteren ôf besketten troch trije slûpskutters. Hy rekke swierferwûne en moast foar de rest fan syn libben it gebrûk fan syn lofterearm misse, mar nei in perioade fan minnichte dy't hast twa jier duorre, soed er der úteinlings wer boppe-op komme. Neitiid waarden Morgan en Wyatt Earp troch U.S. marshal Crawley Drake ynsward as help-U.S. marshals. Tsjin febrewaris 1882 wie it foar de Earps sa ûnfeilich wurden yn Tombstone, dat Morgan Lou op 'e trein sette nei Colton, yn Kalifornje, dêr't syn âldelju op dat stuit wennen.
Moard
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e jûn fan sneon 18 maart 1882 besocht Morgan Earp de opfiering fan in musical yn 'e skouboarch Schieffelin Hall. Neitiid gied er mei syn broer Wyatt nei de Campbell & Hatch Biljertsalon, dêr't er in potsje biljerte tsjin eigner Bob Hatch, wylst Wyatt, Dan Tipton en Sherman McMaster taseagen. Om 22.50 oere skeat in ûnbekende slûpskutter út in tsjustere stege wei yn it ljocht fan 'e biljertseal op troch it rút yn in op 't slot sittende doar hinne. Morgan Earp waard troffen yn 'e rjochterside. De kûgel tebrizele syn rêchbonke, ferliet syn lichem fia syn lofterside en ferwûne George A.B. Berry, de foarman fan in pleatslike myn, yn it bil. In oare kûgel miste doel en bleau boppe Wyatt syn holle yn in muorre stykjen. Ferskate mannen hastigen har de stege yn, mar de skutter of skutters wiene al útnaaid en net mear te efterheljen.
Wyatt en ferskate oaren bekommeren har om Morgan, mar doe't se besochten en help him oerein, seid er: "Hâld op, ik kin der net oer. Dit is it lêste potsje biljerten dat ik ea spylje sil." Ferskate dokters arrivearren, dy't him allegearre ûndersochten, mar fêststelden dat se him net mear helpe koene. Sels dokter George Goodfellow, dy't yn 'e Feriene Steaten rûnom erkend waard as in autoriteit op it mêd fan skotwûnen yn 'e búkholte, konkludearre dat de wûnen fan Morgan Earp fataal wiene. Syn broer Virgil en dy syn frou Allie en syn broer James en dy syn frou Bessie waarden derby helle. Morgan waard oerbrocht nei in bank yn in oanbuorjend fertrek dat bedoeld wie foar it spyljen fan poker. Dêr ferstoar er minder as in oere nei't er delsketten wie, omjûn troch syn bruorren en skoansusters. Hy waard 30 jier. It plak fan syn ferstjerren, de Campbell & Hatch Biljertsalon op 'e hoeke fan 4th Street en Allen Street, baarnde twa moanne letter, yn maaie 1882, hielendal ôf by in brân.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn ferstjerren waard Morgan Earp ôflein yn in blau pak dat fan Doc Holliday wie. De oare deis, op 19 maart 1882, brochten de djipdrôven syn deakiste op 'e trein yn it plak Contention. Dêrwei begelate James Earp it stoflik omskot fan syn jongere broer nei Colton yn Kalifornje, dêr't Morgan syn âldelju wennen, en dêr't ek syn widdo Lou ferbleau. Morgan Earp waard dêr earst begroeven op it âlde stedsbegraafplak fan Colton by Mount Slover. Mar yn 1892, doe't it begraafplak in oare bestimming krige, waard er werbegroeven op it Hermosa Cemetery, dêr't er noch altyd rêst.
Syn frou Lou bleau nei Morgan syn dea earst in skoft by syn âldelju yn Colton te wenjen. Trije jier nei syn dea, yn 1885, wertroude se mei in Gustav Peters. Se stoar yn 1894 yn 'e âldens fan 39 jier yn Long Beach (Kalifornje).
De moardner of moardners fan Morgan Earp waarden nea pakt. De deis nei de moard lei Marietta Duarte, de frou fan Pete Spence, in lid fan The Cowboys, in ferklearring ôf tsjin har eigen man, foar wa't se omreden fan syn húslik geweld gjin loyaliteit fielde. Neffens Duarte soe har man de deis foar de moard mei in oare Cowboy, Indian Charlie (Florentino Cruz) op 'e weranda sitten hawwe te praten, doe't Morgan Earp foarby kaam. Spence soe doe tsjin Indian Charlie sein hawwe: "Dat is 'm, dat is 'm!" Dêrop gie Indian Charlie in blokje om sadat er Earp yn 'e mjitte rinne en him goed opnimme koe.
De jûns fan 'e moard wie Spence neffens Duarte fan hûs. Om midsnacht hinne kamen Indian Charlie en in oare Cowboy, Frank Stilwell, by har yn 'e hûs, bewapene mei revolvers en karabinen. Koart dêrnei kaam ek Spence thús mei Frederick "Fries" Bode en in fyfde, foar Duarte ûnbekende man by him, dy't alle trije gewearen by har hiene. Se flústeren opwûn ûnderinoar, en de oare moarns sloech Spence Duarte en har mem en bedrige er har mei de dea as se fertelle soe wat se sjoen hie. Inkele oare tsjûgen seine dat se Frank Stilwell fuortdraven sjoen hiene út 'e stege dêr't de skutter of skutters har opholden. Mar doe't de saak úteinlings foar de rjochter kaam, hold de abbekaat foar de beklagen út dat it tsjûgenis fan Marietta Duarte inkeld bewearings út 'e twadde hân befette, en dat it boppedat net talitber wie om't in frou net tsjin har eigen man tsjûgje koe. De rjochter wie it dêrmei iens en spriek de beklagen frij. Dêrop joech Pete Spence himsels fuortendaliks oan by sheriff Johnny Behan sadat er yn 'e sel kaam dêr't er foar de Earps ûnberikber wie.
Op 20 maart 1882 waard de noch sterk ferswakke Virgil Earp troch syn broer en guon fan syn freonen op 'e trein nei Kalifornje set. Op it spoarstasjon yn Tucson troffen Wyatt-en-dy Frank Stilwell en ferskate oare Cowboys, dy't dêr omhongen mei as skynbere doel om Virgil Earp op te wachtsjen en te fermoardzjen. Nei't de trein mei Virgil en dy syn frou Allie feilich ûnderweis nei Kalifornje wie, gie Wyatt efter Stilwell oan en skeat him dea by wat neffens Wyatt syn eigen beskriuwing fan dat treffen in stânrjochtlike eksekúsje wie. Fan dat stuit ôf wie Wyatt Earp in sochte man. Mar mei syn maten sette er útein mei in soarte fan privee-oarloch tsjin The Cowboys, dy't bekend waard as de Earp Vendetta Ride. Dêrby brochten se yn 'e folgjende moannen noch ferskate Cowboys om hals, ûnder wa Indian Charlie. Mar Pete Spence ûntkaam harren. Hy waard yn 1883 feroardiele foar manslach en brocht achttjin moannen troch yn 'e beruchte Territoriale Finzenis fan Yuma. Hy soe úteinlik yn 1914 komme te ferstjerren.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
