Moreno's grûndo
Moreno's grûndo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Metriopelia morenoi | ||||||||||||
(Sharpe, 1902) | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Moreno's grûndo (Metriopelia morenoi) is in fûgelsoarte yn it skaai Andesgrûndowen (Metriopelia) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae). de soarte wurdt monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Moreno's grûndo is in lytse, grûnbewennende do mei in kleur, dy't goed past by de stieneftige, drûge omjouwing dêr't er libbet. De fûgel hat in griisbrune oant sânkleurige befearring mei in oranje neaken gebiet om it blauwe each. De Moren's grûndo is wat lytser as de measte oare dowesoarten mei in relatyf lytse kop en in koarte sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk yn Argentynje, fral yn it westlike part fan it lân. It ferspriedingsgebiet omfiemet benammen de Andesregio fan 'e provinsjes Catamarca, La Rioja, San Juan, Mendoza en Tucumán.
De fûgel komt foar op hichten tusken 1.500 oant 4.000 meter boppe seenivo yn healwoastinen en heechlizzende steppe's mei kaktuslânskippen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Moreno grûndo siket it iten op 'e grûn. De soarte is net bot fan wetter ôfhinklik en kin him dêrom goed rêde yn it drûge klimaat fan syn habitat.
IUCN
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de Moreno's grûndo as net bedrige (LC, 2024). De populaasje liket stabyl en der binne op it stuit gjin direkte bedrigingen fan útstjerren. De fûgel hat wol in relatyf beheind ferspriedingsgebiet en kin dêrom gefoelich wêze foar feroarings yn it habitat. Poptinsjele risiko's binne mynbou, útwreiding fan lânbougrûn, klimatologyske feroaringen dy't ynfloed ha kinne op 'e begroeiïng en de beskikberens fan wetter yn heechlizzende gebieten en de ynfloed fan yntrodusearre rôfdieren.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel eart Francisco Josué Pascasio Moreno (1852-1919), in Argentynske soölooch en paleontolooch dy't it La Plata Museum yn 1884 stifte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|