Springe nei ynhâld

Monza

Ut Wikipedy
Monza
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Lombardije
provinsjeMonza
Sifers
Ynwennertal123 389 (31.07.2025)[1]
Oerflak33,09 km²
Befolkingsticht.3.728,89 ynw./km²
Hichte19 m
Oar
Postkoade20900
Koördinaten45°35' N 9°16' E
Offisjele webside
www.comune.monza.it
Kaart
Monza (Itaalje)
Monza

Monza is in stêd oan 'e rivier de Lambro yn it noarden fan Itaalje yn 'e regio Lombardije.

Monza wurdt foar it earst neamd yn Romeinske boarnen út de 6e iuw f.Kr. De stêd ûntstie as in delsetting fan 'e Insubres, in Keltyske stamme, en waard letter in Romeinske vicus. Under it Romeinske Ryk krige Monza in strategyske betsjutting troch de lizzing oan 'e rivier en tichteby Milaan, dat doe de haadstêd fan it Westromeinske Ryk wie.

De grutte bloeitiid fan Monza sette ûnder de Lombarden yn 'e 6e en 7e iuw útein. De Lombardyske keninginne Teodelinda (om 570–628) makke Monza ta har simmerresidinsje en stifte dêr in paleis en in tsjerke (de earste foarrinner fan 'e hjoeddeiske Duomo fan Monza). Monza waard in religieus en polityk sintrum fan it keninkryk Lombardije.

Izeren kroan fan Lombardije.

Mei de bou fan 'e Duomo fan Monza waar yn 'e 14e iuw begûn op 'e âldere fûneminten út de tiid fan Teodelinda. De domtsjerke bewarret ien fan 'e wichtichste symboalen fan de Italjaanske skiednis: de Izeren Kroan fan Lombardije (Corona Ferrea). Dy kroan waard brûkt by de kroning fan ferskate Italjaanske keningen, ûnder oaren Karel de Grutte en letter Napoleon Bonaparte (yn 1805 as kening fan Itaalje).

Yn 'e midsiuwen waard Monza faak yn 'e striid belutsen tusken de Welven (oanhingers fan 'e paus) en de Ghibellinen (oanhingers fan 'e keizer). De stêd stie ûnder it gesach fan 'e stêd Milaan en har hearskers, lykas de famylje Visconti en letter de Sforza. Under de Sforza waard Monza in elegante residinsjestêd, mei túnparken en kastielen.

Keninklik Paleis.

Yn 'e 16e iuw kaam Lombardije ûnder Spaansk bewâld (as diel fan it Spaanske Ryk fan 'e Habsburgers) en yn 'e 18e iuw ûnder de Eastenrykske Habsburgers. Doe waard it keninklik paleis fan Monza (de Reggia di Monza) tusken 1777 en 1780 boud foar erfprins Ferdinand fan Eastenryk, in soan fan keizerinne Maria Theresia. Yn 1805 waard Monza troch Napoleon opnommen yn it Keninkryk Itaalje, en de Izeren Kroan waard brûkt foar syn kroning.

Nei de fal fan Napoleon kaam Lombardije wer ûnder Eastenryksk bewâld, oant de Italjaanske Unifikaasje (Risorgimento) yn 'e 19e iuw. Yn 1859 waard Monza ûnderdiel fan it nije Keninkryk Itaalje.

In tragysk barren yn 'e moderne skiednis fan Monza wie de moard op kening Umberto I fan Itaalje yn 1900. Hy waard op 'e Matteo da Campionestrjitte fan Monza troch de anargist Gaetano Bresci deasketten.

Yn 2004 waard de nije provinsje Monza e Brianza offisjeel foarme mei Monza as haadstêd.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De domtsjerke is it hert fan 'e stêd en it wichtichste monumint fan Monza. De bou fan 'e dom sette yn 'e 14e iuw útein, op it plak fan in âldere tsjerke stifte troch keninginne Teodolinda (7e iuw). De moarmeren gevel is yn 'e goatyske styl. Yn 'e tsjerke is de Teodolindakapel mei 15e-iuwske fresko's oer it libben fan 'e keninginne.
  • De Reggia di Monza is it keninklik paleis, in grut en elegant neoklassisistysk paleis, boud tusken 1777 en 1780 troch de arsjitekt Giuseppe Piermarini (dy't ek it Teatro alla Scala yn Milaan ûntwurp).
Autodromo Nazionale di Monza.
  • It Parco di Monza is in grut ommuorre park fan likernôch 700 hektare. Yn it park is de Villa Mirabello (18e iuw) en de Villa Mirabellino en it ferneamde Autodromo Nazionale di Monza, it sirkwy fan 'e Formule 1.
  • De Chiesa di Santa Maria in Strada is in goatyske tsjerke út de 14e iuw en is fral bekend om syn fersierde terrakotta-gevel. Yn 'e tsjerke binne fresko's út de renêssânse.
  • It Palazzo dell'Arengario stiet yn it sintrum fan Monza oan 'e Piazza Roma en datearret fan 'e 13e-/14e-iuw. It tsjinne earder as rjochtseal en sit fan it stedsbestjoer.
La Cappella Espiatoria (monumint Umberto I).
  • It monumint foar Umberto I yn it park is oprjochte ta neitins oan 'e kening, dy’t dêr yn 1900 fermoarde waard.
  • De Romeinske brêge oer de Lambro is in brêge út de Romeinske tiid mar is letter fernijd.
  • De Villa Reale's Oranjery en de Rotonda dell'Appiani wurdt hjoed-de-dei brûkt foar útstallings
  • Museo del Tesoro del Duomo.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: