Tibetaanske sniemosk
| Tibetaanske sniemosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Montifringilla henrici | ||||||||||||
| Oustalet, 1892 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Tibetaanske sniemosk (Montifringilla henrici) is in sjongfûgel yn it skaai sniemosken (Montifringilla) út de famylje fan 'e moskfûgels. De fûgel briedt op it eastlike Tibetaanske Plato yn Sina en is besibbe oan 'e sniemosk.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Tibetaanske sniemosk is in 17 sm lange fûgel, dy't in soad hat fan 'e gewoane sniemosk. De Tibetaanske sniemosk is oan 'e boppekant lykwols donkerbrún yn stee fan griiseftich sânbrún en swierder streke. Op 'e flanken is de soarte waarmbrún, dêr't de sniemosk wytgriis is. De wjukken en sturt binne brún yn stee fan swart en hy hat folle mear wyt op 'e wjukken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske sniemosk komt foar op it eastlike Tibetaanske Plato. Faak wurdt de Tibetaanske sniemosk as in ûndersoarte fan 'e sniemosk en somtiden ek fan 'e swartwjuksniemosk behannele. Mei de lêste oerlapet de fûgel syn ferspriedingsgebiet sûnder hybridisaasje. De fûgel wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske sniemosk libbet yn 'e steppes fan it heechlân boppe de beamgrins op hichtes tusken 2500 en 4500 meter en is endemysk yn Sina. Hy yt sied en plantaardich materiaal, mar fuorret mei ynsekten en harren larven. Pearkes binne yn april/maaie yn it briedgebiet en briede fan juny oant augustus.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt oannommen dat de soarte in stabile ûntwikkeling hat en gjin grutte bedrigingen kent. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar tocht wurdt dat de fûgel algemien foarkomt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
