Springe nei ynhâld

Montepulciano

Ut Wikipedy
Montepulciano
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Toskane
Sifers
Ynwennertal13.103 (31.07.2025)[1]
Oerflak165,33 km²
Befolkingsticht.79,25 ynw./km²
Hichte605 m boppe seenivo
Oar
Postkoade53045
Koördinaten43°06' N 11°47' E
Offisjele webside
www.comune.montepulciano.si.i
Kaart
Montepulciano (Itaalje)
Montepulciano

Montepulciano is in histoarysk stedsje yn it súdeasten fan 'e Toskaanske provinsje Siena (Itaalje). It stedsje is bekend fanwegen syn renêssânse-arsjitektuer en leit yn in Toskaansk heuvellânskip. It is bekend om de wynsoarte Vino Nobile di Montepulciano.

Montepulciano waard nei alle gedachten yn 'e 4e of 3e iuw f.Kr. troch de Etrusken stifte. It gebiet wie doe al bewenne fanwege syn strategyske posysje op in heuvel tusken twa dellingen (de Val di Chiana en de Val d'Orcia). Yn 'e omkriten binne ferskate grêven en oare saken fûn, dy't tsjûgje fan in ûntwikkele Etruskyske delsetting. Nei de oermastering troch de Romeinen waard it in lytse festingstêd (municipium). De namme "Montepulciano" wurdt wol ferbûn mei in ridder of eigner mei de namme Publicius, dêr’t "Mons Publicianus" (berch fan Publicius) fan ôflaat wêze soe.

Yn 'e iere midsiuwen foel Montepulciano ûnder it gesach fan ferskate machtige famyljes en stêden, ûnder oaren Siena en Florâns. Yn 'e 12e–14e iuw ûntjoech it him ta in ryk stedsje mei muorren, poarten en in eigen bestjoer. Troch de strategyske lokaasje waard it geregeldwei it toaniel fan konflikten tusken de twa rivalisearjende stêdssteaten Siena en Florâns.

Yn 'e 15e iuw keas Montepulciano de kant fan Florâns, itjinge in tiid fan relative wolstân betsjutte. Under it bewâld fan Florâns en de Medici-dynasty belibbe Montepulciano in gouden tiid. Tusken ± 1450 en 1600 waarden in rige fan paleizen en tsjerken boud en pleinen oanlein troch ferneamde arsjitekten lykas Antonio da Sangallo de Alde. Ek de kultuer bloeide en wichtige keunstners en gelearden, lykas Agnolo Poliziano (1454–1494), dichter en humanist, nei wa’t de stêd ek wol de Città del Poliziano (stêd fan Poliziano) neamd wurdt, kamen út Montepulciano.

Nei de feriening fan Itaalje (19e iuw) bleau Montepulciano in lyts, mar libben plattelânstedsje. De stêd krige in nije bloei troch de wynbou: de Vino Nobile di Montepulciano, dy't al yn 'e 16e iuw bekend wie en yn 1980 ien fan 'e earste Italjaanske winen mei de heechste kwaliteitsklassifikaasje (DOCG) wie.

Hjoed-de-dei is Montepulciano in populêre bestimming foar toeristen troch syn wyn, skientme en goed bewarre histoaryske karakter.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It Piazza Grande leit op it heechste punt fan 'e heuvel. Dêr steane ek de meast wichtige monuminten.
  • It Palazzo Comunale is it stêdhûs en boud neffens foarbyld fan it Palazzo Vecchio yn Florâns. De toer biedt in prachtich útsjoch oer de heuvels fan Toskane.
  • De Duomo di Montepulciano (Santa Maria Assunta) is de 16e-iuwske katedraal mei in ienfâldige gevel en keunstwurken lykas in grut alterstik fan Taddeo di Bartolo (1401).
  • It Palazzo Contucci is in renêssânsepaleis fan Antonio da Sangallo de Alde mei wynkelders ûnder it gebou dêr't de ferneamde Vino Nobile makke wurdt.
  • It Palazzo Nobili-Tarugi oan it Piazza Grande hat in prachtige loggia op 'e hoeke en in klassyk foarbyld fan 'e Toskaanske renêssânse.
  • It Palazzo Ricci is hjoed-de-dei in konservatorium.
  • De Sant'Agostino (Augustinustsjerke) is in 14e-iuwske tsjerke mei in bysûndere preekstoel út de iere renêssânse.

Bûten de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De San Bagio-tsjerke leit bûten de stêd, mar is in absolút hichtepunt út de boukeunst fan 'e renêssânse. De tsjerke is boud troch Antonio da Sangallo de Alde (1518) en stiet frij yn in olivelânskip.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: