Monte Cassino
| Monte Cassino | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Cassino | |
| koördinaten | 41°29' N 13°48' E | |
| Kleastergegevens | ||
| denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| oarder | Benediktinen | |
| oprjochting | 529 | |
| oprjochter | Benediktus fan Nursia | |
| opheffing | 581 | |
| weriepening | 718 | |
| Ynformaasje bou | ||
| boujier | 6e iuw, 14e iuw, 1956 | |
| sloopjier | 1349, 1944 | |
| Kaart | ||
De abdij fan Monte Cassino (Latyn: Abbatia Territorialis Montis Cassini; Italjaansk: Abbazia territoriale di Montecassino) is ien fan 'e âldste en meast ferneamde kleasters fan Europa. It is ien fan 'e trije kleasters dy't troch Benediktus fan Nursia stifte waard. It kleaster leit op in rots op in hichte fan 519 m boppe Cassino yn 'e regio Lazio tusken Rome en Napels. It kleaster, dat boud waard op 'e ruïnes fan 'e Romeinske fersterking Municipium Casinum, waard yn 'e skiednis ferskate kearen ferneatige, foar it lêst yn 1944.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omtrint 529 nei Kristus stifte de hillige Benediktus fan Nursia de abdij op it plak fan in âld Romeinsk hillichdom foar Apollo. Dêr skreau er syn ferneamde Regula Benedicti (de rigel fan Benediktus), dy't de grûnslach waard foar it westerske monastike libben.
Monte Cassino waard yn 'e rin fan 'e tiid fjouwer kear folslein ferneatige. De earste kear wie yn 577, doe't de Langobarden Itaalje binnenfoelen. Yn 883 foelen Arabyske piraten Itaalje oan en hja ferneatigen ek it kleaster.

De abten en lettere pausen Freark fan Loataringen en Desiderius liet it kleaster útbouwe en de tichteby lizzende Skoalle fan Salerno waard ûnder it patronaat fan 'e Benediktinen in wichting medysk foarmingssintrum. Under Desiderius waard de kleasterbibleteek mei manuskripten opboud. De abdij waard in sintrum fan kultuer en wittenskip.
Nei de allesferneatigjende ierdskodding fan 1349 waard de abdij mei útwreidingen en ferfraaiïngen yn 'e styl fan 'e renêssânse en barok werboud. De lêste ferneatiging fan it kleaster wie yn 1944, doe't Alliearde troepen it kleaster sûnder needsaak folslein platbombardearren wêrby't 250 oant 427 flechtlingen omkamen.
1944
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldkriich flechten in soad minsken nei de abdij. By de helling fan 'e berch lâns rûn sûnt jannewaris 1944 dwers troch Itaalje it Dútske Gustav-liny. De hichte joech in goed oersjoch op 'e omkriten en waard it sintrum fan 'e swiere Slach om Monte Cassino fan jannewaris oant maaie 1944. Mei't it front tichterby kaam liet Julius Schleger, de Eastenrykske luitenant fan 'e Wehrmacht, alle keunstskatten fan it kleaster yn 100 frachtweinen nei de Ingelenboarch yn Rome oerbringe. Ek brocht er alle bouplannen fan it kleaster yn feiligens. Mei dy plannen koe letter in krekte rekonstruksje fan it kleaster realisearre wurde.

Fanwegen de bysûndere histoaryske betsjutting fan it kleaster ferbea generaal-fjildmaarskalk Albert Kesselring om it kleaster yn 'e Dútske ferdigening op te nimmen of sels mar te brûken foar ferkenning fan it slachfjild: in sône fan 300 m om it kleaster waard troch de Dútsers as neutraal gebiet ferklearre. De Dútsers joegen dat oan Alliearden troch en holden harren dêroan. Dochs bombardearren Amerikaanske fleantugen mei stipe fan 'e artillery op fersyk fan 'e Nijseelânske generaal Bernard Freyberg op 15 febrewaris 1944 it kleaster mei 435 (neffens oare boarnen 567) ton spring- en brânbommen. Yn trije oeren tiid waard it kleaster mei útsûndering fan 'e krypt oant op 'e fûneminetnen ferneatige. Fan 'e likernôch 800 minsken yn it kleaster, meast muontsen en flechtlingen, ferstoaren 250 (neffens oare boarnen 427). Nei de ferneatiging namen de Dútsers lykwols posysjes yn de ruïnes yn, wat de fierdere fjildslach tige swier makke.
De ferneatiging feroarsake diplomatike argewaasje tusken de Hillige Stoel en de Alliearden. De Hillige Stoel befêstige iepenlik dat der foar de bombardeminten gjin Dútske soldaten oanwêzich wiene en der ek gjin oarlochsmateriaal opslein lein. Om de bombardeminten te rjochtfeardigen ferklearre president Franklin D. Roosevelt dat de abdij troch de Dútsers foar militêre doeleinen brûkt waard, mar dat wie net wier. De opperbefelhawwer fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, Henry Arnold, neamde de bombardeminten in "monumint fan 'e ferneatigingskrêft fan Air Force".
It kleaster nei 1945
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oarloch waard de abdij fan 'e grûn ôf wer opboud ûnder tafersjoch fan de Italjaanske oerheid en de Benediktinen sels. De werbou duorre fan 1948 oant 1956. It kleaster is in krekte rekonstruksje fan it 18e-iuwske kompleks mei moderne technyk, mar âlde foarmen. Yn 1964 waard de abdij op 'e nij ynwijd troch paus Paulus VI.
Hjoed-de-de is Monte Cassino wer in libben geastlik sintrum en in monumint foar frede en betinking fan 'e slachtoffers fan 'e oarloch.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De abdijtsjerke waard neffens de oarspronklike plannen fan 'e 17e en 18e iuw rekonstruearre. Fan it eardere boumateriaal, lykas it moarmer, is in soad fannijs brûkt om de flier te lizzen en de muorren te beklaaien of te dekorearjen. Dêrfoaroer is de oarspronklike ynrjochting fan fresko's of skiderijen oan 'e ferwulften en muorren foar altiten ferlern gien.
It grêf fan 'e hillige Benediktus leit yn 'e krypt ûnder de katedraal. Yn 'e haadbasilika fan Monte Cassino binne oan 'e rjochterkant fan it haadalter de resten fan paus Fiktor III byset.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar Literatur en Einzelnachweise op de:Abtei Montecassino
|
