Monte Águila (Sily)
| Monte Águila | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Biobío | |
| Provinsje | Biobío | |
| Gemeente | Cabrero | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 6.574 (2017) | |
| Hichte | 115 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 19e iuw | |
| Postkoade | 4470000 | |
| Netnûmer | +56 43 | |
| Tiidsône | UTC-4 | |
| Simmertiid | UTC-3 | |
| Offisjele webside | ||
| www.monteaguila.cl | ||
| Kaart | ||
Monte Águila is in stêd yn 'e regio Biobío yn Sily mei 6.574 ynwenners (2017). Monte Águila wie it einstasjon fan it net mear aktive spoar Monte Águila – Polcura.
Toponymy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it plak betsjut yn it Frysk "Earnberch".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It gebiet om it hjoeddeiske Monte Águila hinne waard earst bewenne troch etnyske groepen fan 'e Mapuche. Yn 1852 waarden de lânseigen bewenners twongen om harren lân te ferlitten. De wetlike grûnslach wie in dekreet fan 'e doetiidske presidint Manuel Bulnes Prieto. Yn syn amtsperioade fan 1841 oant 1851 befoardere hy de bûtenlânske kolonisaasje fan lannerijen fan 'e Mapuche troch oan Dútske, Italjaanske en Frânske kolonisten lân ta te wizen. Dêrnei wiene der ferskate opstannen fan 'e Mapuche dy't har gebieten werom ha woene.
Yn 1864 krige Monte Águila in spoarferbining. Nei de Salpeteroarloch (1880) (in wapene konflikt tusken Sily en Bolivia en Perû oer de kontrôle oer weardefolle grûnstoffen yn 'e Atacama (woastyn) Atacama-woastyn) tsjinne it doarp as transportpunt foar kriichsmateriaal. Ek rekruten waarden yn wagons nei harren bestimming bestjoerd. Troch de hannelsferbining mei Neuquén (1887–1968) yn Argentynje, in sydline nei de Polcura-rivier en de komst fan it Trans-Andeäanske spoar yn 1905, makke it plak in grutte ekonomyske en maatskiplike bloei troch.
Monte Águila hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Monte Águila is hjoed-de-dei in groeiende stêd. In soad minsken wurkje yn 'e lânbou of pindelje op en del nei stêden as Los Ángeles en Concepción. It spoar spilet gjin rol mear en in soad gebouwen steane leech, mar guon âlde gebouwen wurde hjoed-de-dei as konsertpoadium of boartersplak brûkt. Dêrnjonken wreidet it plak him út mei nije bedriuwen en rekreatieve sônes, lykas it fernijde haadplein.
- Iepening fan it nije Haadplein.
- Brânstasjon.
- Fuotbalstadion.
- Us-Leaffrou fan 'e Karmeltsjerke.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Monte Águila fan Wikimedia Commons. |