Monsmastate (Boalsert)

Ut Wikipedy
Monsmastate yn 1723
Monsmastate yn 2010

Monsmastate of It Slotsje is in bûtenpleats en ryksmonumint oan de Frjenstjerterstrjitte yn Boalsert (stêd). It hûs is no in wenhûs, yn de stâl is in museum.

It hûs waard om 1709 boud troch Sipke Jans Monsma (1667-1737), in rike keapman yn ûnder oare hout en tou en dêrneist boargemaster fan Boalsert. De state stie krekt bûten de Sint Janspoarte, flakby alle gemakken fan de stêd, sûnder de drokte en de stank en mèi in frij útsicht oer de lannen. Monsma wie troud mei Bottie Lolles Repkema, in dochter fan de sekretaris fan de stêd. Se wennen earst oan de Grutte Dijlakker. Monsma kaam oan it stik grûn foar it bûten troch ruiljen mei de benefisjalen, it bestjoer fan de Martinytsjerke. Op de topgevel stienen doedestiids de famyljewapens fan Sipke en Bottie. De beiden lizze begroeven op in prominint plak yn de tsjerke: op it koar flak foar de altertafel.

Nei de dea fan Sipke en Bottie waard de state oant ± 1760/1770 bewenne troch harren dochters Jetske en Lolkien mei harren manlju Nolle Jans Nollides (sekretaris), Cornelis Gijsberts Verweij (rintenier) en Ime Adriaan Basseleur (abbekaat). Fan 1760/1770 - 1802 wie it hûs eigendom fan dr. Hector Jacob Lycklama à Nijeholt (abbekaat) en syn soan Tjepco (apteker). Om de lettere state lei yn 1723 in grêft dy't letter dimpt waard. Yn 1859 waard it hûs nei achteren ta útwreide dêr't in lange súdmuorre troch ûntstie.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Folder fan Het Kleine Boerenmuseum troch Henk Bijlsma
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979
  • Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992