Mon (embleem)

Ut Wikipedy
De mon fan Japan stiet yn de flage: de rizende sinne

In mon is in Japansk symboal foar in persoan, famylje or organisaasje. It is styllearre, ornaris rûn ûntwerp. Oars as by in Jeropeesk wapen, docht de kleur der net ta; der binne allinnich in foargrûnkleur en in eftergrûnkleur, en hoe't dy ek keazen wurde biuwt it deselde mon. Al is it fansles sa dat op papier de eftergrûnkleur wyt is en de foargrûn ornaris swart. Faak is de natoer it mêd fan in mon, mar der kinne ek troch de minsken makke figuren yn foarkomme, of abstrakte figueren. In mon wurdt wol ontsjut mei wat dy foarstelt, lykas "de risende sinne", mar at de mon feroaret, dan feroaret de beskriuwing mei. It is wat dat aonbelanget el oars as by wapens, dêr't de beskriuwing fêst leit en de tekening der by passe moat.