Molukske muskaatdo
| Molukske muskaatdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ducula concinna | ||||||||||||
| Wallace, 1865 | ||||||||||||
De Molukske muskaatdo (Ducula concinna) is in fûgel yn it skaai muskaatdowen (Ducula) út de famylje dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Molukske muskaatdo is in grutte do fan likernôch 43 sm mei in opfallende heldergiele eagen. De kop, nekke, bopperêch en ûnderkant binne ljochtgriis, de boppedielen, wjukken en sturt binne glânzgjend grien en de ûndersturtdekfearren binne kastanjebrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Molukske muskaatdo komt op in rige lytse eilannen yn 'e Banda en de Selebessee foar, benammen op de Talaudeilannen, de lytse eilannen noardlik en súdlik fan Selebes en de eilannen tusken Seram en de Kai-eilannen. Ek komt de fûgel op de Arû-eilannen en de Kai-eilannen sels foar.
De soarte wurdt yn subtropysk en tropyske bosk, oan boskrânen en plantaazjes fan seenivo oant hichten fan 850 m waarnommen. De fûgel wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt tocht dat de oantallen fan 'e soarte ôfnimme. De IUCN kategorisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2016) op 'e Reade list om't de tebekgong fan 'e soarte neffens de kritearia fan 'e IUCN net hurd genôch giet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
