Molukske kakketoe
| Molukske kakketoe | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cacatua moluccensis | ||||||||||||
| Gmelin, 1788 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Molukske kakketoe of Molukkenkakketoe (wittenskiplike namme: Cacatua moluccensis) is in fûgel út it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de famylje fan 'e kakketoefûgels (Cacatuidae) en it skaai fan 'e wite kakketoes (Cacatua). Yn 'e mande mei fiif nau besibbe soarten foarmet dizze fûgel it ûnderskaai fan 'e echte wite kakketoes (ek Cacatua). De Molukske kakketoe is endemysk yn 'e sintrale Molukken yn eastlik Yndoneezje. It is ien fan 'e grutsten fan 'e wite kakketoes, dy't in beheinde foarm fan seksuele dimorfy fertoand. Dizze fûgel hat ien fan 'e lûdste roppen fan alle pappegaai-eftigen en betoant himsels yn finzenskip in feardich neibearder fan minsklike spraak. De IUCN klassifisearret de Molukske kakketoe as bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste jildige wittenskiplike beskriuwing fan 'e Molukske kakketoe waard yn 1788 publisearre troch de Dútske biolooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin yn syn op 'e nij besjoene en útwreide edysje fan 'e Systema Naturæ fan Carolus Linnaeus. Gmelin pleatste dizze fûgel yn it skaai Psittacus, dat no brûkt wurdt foar de Afrikaanske grize pappegaaien, mar dêr't doedestiden alle pappegaai-eftigen yn gearbrocht waarden. Hy basearre syn beskriuwing op eardere, wittenskiplik net jildige beskriuwings lykas dy fan George Edwards út 1751, Mathurin Jacques Brisson út 1760 en Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon út 1779. Yn 1817 waard de Molukske kakketoe troch de Frânske ornitolooch Louis Pierre Vieillot oerpleatst nei it troch him yntrodusearre skaai fan 'e wite kakketoes (Cacatua).

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Molukske kakketoe is endemysk yn 'e sintrale Molukken yn eastlik Yndoneezje. It giet dêrby om it grutte eilân Searam en in stikmannich folle lytsere eilantsjes fuort westlik en súdwestlik dêrfan, wêrûnder Ambon. It bolwurk fan dizze fûgel is it Nasjonaal Park Manusela op Searam. As eksoat komt de Molukske kakketoe ek foar op Oähû yn Hawaï, dêr't him troch minsklik hanneljen (sij it opsetlik of by fersin) in lytse populaasje yn it wyld fêstige hat. Molukske kakketoes binne ek waarnommen yn Porto Riko, yn it Karibysk Gebiet, mar dêrby giet it nei alle gedachten om inkele ûntsnapte of loslitten húsdieren. Yn elts gefal bestiet dêre ynsafier bekend gjin himsels fuortplantsjende populaasje.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Molukske kakketoe is ien fan 'e grutsten fan 'e wite kakketoes, mei in totale lichemslingte fan 46–52 sm en in gewicht fan oant wol 850 g. Dizze fûgel fertoant in beheinde mjitte fan seksuele dimorfy, mei't it wyfke oer it algemien justjes lytser is as it mantsje. De kromme, skerpe snaffel is grizich útskaaiend nei swart, en de poaten, mei deselde kleur, hawwe fjouwer teannen, wêrfan't twa nei foarren wize en de oare beide nei efteren (sygodaktyly).
It fearrekleed is wyt mei in dúdlik pjiskkleurige glâns. Oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken en de sturt binne de fearren wat gielich. De toef, dy't ornaris platteard op 'e kop leit en inkeld opset wurdt as de fûgel him bedrige fielt op opwûn rekket, bestiet út fel kleure oranjereade fearren. Dy kleur, dy't ynienen foar 't ljocht komt as de fûgel syn toef opset, is evolúsjonêr dúdlik bedoeld om in oanfaller kjel te meitsjen en tebekskrilje te litten.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it wyld komt de Molukske kakketoe foar yn tropysk reinwâld yn it leechlân ûnder in hichte fan 1.000 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net sa'n soad bekend oer it hâlden en dragen fan Molukske kakketoes yn it wyld. Se libje yn sosjale groepen en hawwe in fêste peartiid, dy't fan desimber oant maart falt. Dat is de tiid dat de plantegroei yn harren ferspriedingsgebiet in piik berikt en iten dus rûnom beskikber is. It mantsje en wyfke bebriede tegearre de aaien. De piken binne nêstbliuwers, dy't keal en helpleas út it aai komme en moannenlang ôfhinklik fan 'e âlden bliuwe.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Molukske kakketoes binne nei alle gedachten omnivoaren. Se besteane fierhinne op in dieet fan sieden, fruchten en nuten, wêrûnder ek de kokosnút. Mar der bestiet bewiis dat se dêrnjonken ek ynsekten en oar lytse wrimelt op 'e grûn sykje. Yn finzenskip reitsje Molukske kakketoes oanhelle mei bloedearmoede as harren foer net genôch proteïnen befettet.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Molukske kakketoe binne benammentlik ferskate soarten earnen, haukfûgels en ûlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Molukske kakketoe hat de IUCN-status fan "bedrige" en is sûnt 1989 tafoege oan Taheakke I fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) bedrige bisten. It weifangen fan eksimplaren út it wyld om as húsdier ferkocht te wurden is de wichtichste reden dat it mei dizze soarte sa yn it neigean rekke is. Op it hichtepunt fan 'e (doe noch) legale hannel yn Molukske kakketoes, yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren, waarden elts jier 6.000 fûgels út it wyld weifongen en dêrmei oan 'e wylde populaasje ûntlutsen. Streuperij en de yllegale hannel yn húsdieren binne ek hjoed de dei noch in probleem foar it fuortbestean fan 'e Molukske kakketoe.
As húsdier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de ynternasjonale hannel yn Molukske kakketoes sûnt 1989 ferbean is, wurde dizze fûgels noch altyd wol as húsdier holden. Yn Noard-Amearika en Jeropa besteane sokke grutte populaasjes húsdieren dat de fûgels dêr yn finzenskip fokt wurde kinne. Molukske kakketoes binne populêr as húsdier om't se der moai útsjogge en maklik nije dingen leare, en teffens om't se feardige imitators fan minsklike spraak binne.

Molukske kakketoes binne lykwols tige folle-easkjende húsdieren fanwegen harren foarse lichemsgrutte en yntelliginsje. Harren rop is mei 129 desibel ien fan 'e lûdsten fan 'e pappegaai-eftigen en miskien wol fan 'e hiele fûgelwrâld. Ek hawwe se oanstriid om mei de hurde snaffel op alderhanne dingen om te kôgjen, wat harren tige fernielsuchtich makket. It beskikber stellen fan kôchboartersguod is dêrom sterk oan te rieden. De koai foar Molukske kakketoes moat hiel sterk wêze, oars slope se him. Ek hawwe se ferlet fan gâns romte. It binne tige sosjale fûgels, dy't mar min allinnich wêze kinne. As men ien fûgel hat, sil dy in bân foarmje mei de eigner. Wannear't er in protte allinnich litten wurdt, sil er begjinne mei it fertoanen fan gedrachsproblemen lykas fearútlûken en agresje.
It nimmen fan it Molukske kakketoe as húsdier is net in beslút dat men ympulsyf meitsje moat. It is in beslissing foar it libben, want dizze fûgel kin, alteast yn finzenskip, tige âld wurde. Ien eksimplaar dat yn 2011 yn in wittenskiplik artikel neamd waard, wie 92 jier doe't er deagie.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Molukske kakketoe is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

